Springe nei ynhâld

Wikipedy:Skiednis fan Wikipedia

Ut Wikipedy

De Skiednis fan Wikipedia is earst begûn yn it tredde milennium.

It begjin fan de Wikipedia wie in petear tusken twa âlde ynternetfreonen, Larry Sanger, haadredakteur fan Nupedia en Ben Kovitz, in kompjûterprogrammeur en bêta-wittenskipper, op de jûn fan 3 jannewaris 2001 yn San Diego, Kalifornje. Kovitz wie op dat stuit dwaande mei in oar wiki-projekt, en doe't hy it konsept oan Sanger útlei, betocht dy fuortendaalks dat in wiki tige geskikt wêze koe foar it opsetten fan in projekt dat iepener, en net sa formeel, wie as Nupedia. Fjouwer moanne earder hiene Sanger en syn baas Jimmy Wales, presidint-direkteur fan Bomis, Inc., al ris praat oer op hokfoar wize njonken Nupedia in iepener, oanfoljend projekt te begjinnen wie. Dus wie it net sa'n probleem foar Sanger en bepraat Wales en begjin in wiki foar Nupedia. Wiki is ít Hawaiaanske wurd foar 'fluch'. Nupedia's earste wiki waard aktyf op 10 jannewaris 2001. Mar fan de kant fan de skriuwers en redakteuren fan Nupedia kaam protest tsjin in plan om Nupedia sa bot oan in webstee yn wikifoarm te ferbinen. Dêrom krige it nije projekt op 15 jannewaris de namme 'Wikipedia', en in eigen adres op it web.

Earste wikipedy

[boarne bewurkje]

Troch publikaaksjes op it ynternet is it tal dielnimmers hurd omheech gongen. Sykmasines en oare webportealen stjoere noch hieltyd mear minsken nei de Wikipedia. Op 12 febrewaris 2001 wie de earste mylpeal helle: 1000 siden. De 10.000 waard helle op 7 septimber 2001, en it tal nije siden boaze mar oan. Yn desimber 2002 hat de Ingelsktalige it oarspronklike doel fan 100.000 siden helle, mar dêrmei soe it net ophâlde....

Wikipedia ynternasjonaal

[boarne bewurkje]

De earste, en ek de grutste fan de wikipedyen is dus de Ingelsktalige wikipedy, dy't útein sette yn jannewaris 2001. Yn maart fan dat jier folge it Katalaansk(!), yn maaie it Dútsk en Sweedsk, yn juny it Portugeesk en yn augustus it Nederlânsk, Frânsk en Spaansk. Oan de ein fan 2001 wienen der al alve wikipedyen. De oanwaaks yn allerhanne talen stiet yn de (Ingelske) Statistiken fan alle talen. Hoe grut al dy wikipedyen no binne kinne jo yn de (Nederlânske) wikipedy-statistiken lêze. Yn elts gefal helle de Wikipedia op 14 septimber 2004 om 21.55.16 de miljoenste side: he:דגל_קזחסטן.

De Fryske Wikipedy

[boarne bewurkje]

Dizze Fryske Wikipedy is begûn op 2 septimber 2002. It earste jier barde der net safolle, mar sûnt giet it stadichoan hurder, en krekt as de oare wikipedyen wurdt dit úteinlik in folsleine ensyklopedy. Utopysk? Och nee, want wat mear minsken as der meidogge, wat hurder as it giet. It spul moat oan it rôljen brocht wurde, dus sis it fierder! Sjoch ek Wikipedy:Meiwurkje oan de Fryske Wikipedia en Wêrom soe ik meidwaan?.

Wa binne de minsken efter de Wikipedia?

[boarne bewurkje]

Bomis, Inc betelle yn 't earst twa minsken, de oprjochters fan Wikipedia Larry Sanger en Jimmy (Jimbo) Wales, de eigner fan Bomis, om oan it projekt te wurkjen en der in soarte fan lieding oan te jaan. Letter is Larry Sanger gewoan frijwilliger wurden by Wikipedia. Jimbo Wales hat hieltyd noch spesjale ferantwurdlikens en sjocht der op ta dat it projekt bliuwt sa't it bedoeld wie. Yn de rin fan de tiid binne oaren meiferantwurdlik wurden. Sa is Wikipedia, tegearre mei it Wikiwurdboek en oare projekten no ûnderbrocht yn de Stifting Wikimedia.

Op de Frysktalige wikipedy kinne de minsken fan Bomis fansels net sa maklik sjen oft alles noch giet sa't it bedoeld wie, om't se de taal net lêze kinne. Dat eltsenien dy't meidocht is hjir in bytsje meiferantwurdlik foar it rinnen fan it projekt. (Mar sjoch it Foarbehâld.) Diskusjes oer de foarm en ynhâld dy't mear as ien wikipedy oangean, wurde fierd op de oanbelangjende Ingelsktalige oerlissiden (sjoch ûnderoan harren haadside). Belied, rjochtlinen, en dat soarte fan dingen wurde behannele op de Wikipedia diskusjelisten.

[boarne bewurkje]

Yn it earstoan wie der gjin logo, allinnich in Amerikaanske flagge. Doe kaam in tekstke fan Lewis Carroll sjoen troch in fiskeëachlins. Mar nammerste ynternasjonaler de Wikipedia waard, hoe minder geskikt oft soks wie. Yn elke taal waard mar wat oangriemd mei logo's. Dus kaam der in wedstriid: Paul Stansifer kaam yn 2003 mei tekst, op in bol fan kleure puzelstikjes. Dat wie it idee. David Friedland ferfong de kleuren troch griis en de wurden troch letters.
Yn 2010 waard it net-foltôge puzelboltsje fernijd: in letter út de fantasijtaal Klingon makke romte foar in Etiopyske en ek waard fêststeld hokker letters op de 'efterkant' fan de bol steane. Yn totaal binne dat 51. Dêrmei is it wer in stik kompleter wurden, al bliuwt de iepen boppekant oanjaan dat it wurk altiten troch giet.


Sjoch ek de FAQ.