Wikipedy:Wêrom soe ik meidwaan
Appearance
(Trochferwiisd fan Wikipedy:Werom soe ik meidwaan)
Wêrom soenen jo meidwaan?
[boarne bewurkje]Om't ...
- Wikipedia wier in unyk projekt is. Dit is sa't it wrâld-wiid web oarspronklik miend wie: iepen en frije útwikseling fan witten en ynformaasje.
- Wikipedia waakst troch ienriedige gearwurking fan hûnderten (faaks tûzenen) frijwilligers de wrâld oer (saneamde Wikipedianen).
- meidwaan yn sa'n frije sfear in soad minsken oansprekt. Wikipedia hat gjin offisjieel bestjoer, gjin direksje, gjin haad- of einredakteur; eltsenien dy't meidocht hat in likegrutte stim yn it kapittel; eltsenien wurdt likefolle wurdeare. Is der in ferskil fan miening, of soe der in konflikt wêze, dan komme we dêr mei oerlis, mei respekt en mei goede manieren suver altyd wer út, Hoe't dat kin? Om't eltsenien foar eagen hâldt wat it wichtichste is: we binne dwaande mei it meitsjen fan in unike ensyklopedy, en dêr wolle we graach mei trochgean.
- al wie dat net wat guon minsken tochten, de kwaliteit fan de measte siden hieltyd heger wurdt, krekt troch dat men inoar syn bydrage feroarje en tafoegje kin. En om't, wat langer it projekt rint, wat mear minsken mei útdjipt witten it yn útdaging fine en doch hjir oan mei. Sa is it gien by âldere Wikipedia's.
- it tige aardich en befredigjend wêze kin jins witten en kriich te ynvestearjen yn sa'n boeiend projekt.
- jo sels in soad ferlet ha kinne fan it garjen en trochjaan fan witten.
- aanst alle Friezen (tink bygelyks oan skoalbern, krantelju, studinten, hobbyisten en oare nijsgjirrigen) mei troch jo ynspannings yn harren memmetaal de ynformaasje fine sille dy't ja hawwe wolle.
- dizze boarne fan witten aanst in wichtige rol spylje kin foar it behâld fan de Fryske taal en kultuer.
Eins soe der yn eltse taal in Wikipedy-ensyklopedy wêze moatte; dêrfan is men op it stuit mei sa'n trijehûnderd dwaande. Guon, lykas dizze Fryske Wikipedy, komme wat stadich foarút. Minsken, jo útsûndere fansels, stappe no ienkear makliker op in ridende wein as op ien dy't noch oantreaun wurde moat. As jo no daliks meidogge, dan komme dy oaren ek wol.
Hoe kinne jo meidwaan?
[boarne bewurkje]- Fertel oare Friezen oer dit projekt en meitsje harren der ek entûsjast oer.
- Korrizjear taal- en skriuwflaters, of ferbetterje de skriuwstyl. (As in side in soad tafoegings hân hat, is de tekst fakentiids wat brokkelich wurden. Dan is it goed as in oar der is nei sjocht en meitsje der wer ien tekst fan.) Sjoch ek Ienfâldich begjinne.
- Folje siden dy al skrean binne oan mei wat jo der sels fan witte, of mei wat jo der oer útfine kinne.
- Skriuw in nije side, al wie it allinich mar in yntroduksje; as der ien kear wat stiet kin it oaren oertsjûge en foegje wat ta. Sjoch ek Stikken skriuwe yn Wikipedia-styl en Ynspiraasje.
- Tink mei oer de struktuer, de opbou fan de ûnderwerpen op de haadside e.a.s..
- Meitsje in keppeling op jo thûsside nei http://www.fy.wikipedia.org of freegje in kunde dat op syn/har thûsside te dwaan.
- Skriuw eat oer Wikipedia yn jo streek- of klubblêd, bygelyks in ynstjoerd stik. Sjoch ek Publisiteit.
- Set in advertinsje (faak kin dat fergees), hingje in meidieling op it prikboerd fan skoalle of klub, freegje in Frysk Genoatskip omtinken te jaan oan Wikipedia FY.....
Koartsein,
- al dienen jo mar in lyts bytsje, dan soe dat de Wikipedia in soad helpe kinne!