Springe nei ynhâld

Wikipedy:Meidogger-berjochten

Ut Wikipedy

In Meidogger kin mei dizze berjochten de meidogger-side wat mear ynhâld jaan.

Meidoggers kinne, at dy dat wolle, ynformaasje diele mei it Ynternet, troch it brûken fan meidogger berjochten. Dat kin dien wurde troch meidogger-balken, bygelyks:

Dizze meidogger is in frou.
fy It Frysk is de memmetaal fan dizze meidogger.



At meidoggerbalken brûkt wurde, wurde dy faak oardere yn in batterij. Dat is in rychje meidoggerbalken (dat strikt naam yn in hinde). Batterijen binne der yn twa soarten:

  • Babel: Foar taal-ynformaasje;
  • Ynfo: For oare ynformaasje.

Mei it Babel-berjocht wurde berjochten oer de talen dy't de meidogger al as net ferstiet. Dat wurdt neier útlein op Wikipedy:Babel.

Meidoggerynfo
Dizze meidogger is in man.
Dizze meidogger hat it Wikipedy-skriuw-firus.
Dizze meidogger wit
wêr't syn handoek is.


Oare ynformaaasje kin gearnaam wurde yn it berjocht foar Meidoggerynfo: Bygelyks, Meidogger:Mysha hat op it stuit (2023) de ynformaasje rjochts: Dat stiet hjirûnder dan útskrean:

{{Meidoggerynfo|Man|Meidoggerfirus|Handoek}}.

Dat wol sizze {{}}, mei dêryn de namme fan it berjocht: "Meidoggerynfo", en dan mei pipen de koarte nammen fan de berjochten dy't jo brûke wolle.


Ynfo-balken

[boarne bewurkje]

Hjir ûnder steane in de ynfo-balken dêr't wy fan witte dat dy op de Wikipedy brûkt wurde kinne. (Fansels is it net dreech en meitsje der sels in berjocht mear by.) It stik "Berjocht:Meidoggerynfo/Ynfo " wurdt der net hieltiid by neamd om't dat yn Berjocht:Meidoggerynfo al foar jo dien wurdt:

nammebalkútlis
Frou
Dizze meidogger is in frou.
Komt fan Fenus.
Man
Dizze meidogger is in man.
Komt fan Mars.
HikkeenTein
Hikke en tein yn Fryslân
Guon hawwe gelok hân.
TeinFryslân
Tein yn
Fryslân
Guon hawwe der foar wurkje moatten.
HikkeFryslân
Allinnich hikke
yn Fryslân
It is net alle dagen oranjekoeke.
Utens
Fan bûten
Fryslân
Soms is it spitich.
Follyglot
Ңﮞћ? Dizze meidogger bewurket faak siden skreaun yn talen dy't de meidogger net begrypt.
Wit net wat er seit.
Fryskeliteratuer
Dizze meidogger is sljocht op Fryske literatuer.
De Fryske Wikipedy: Foar wa't lêze kin.
Meidoggerfirus
Dizze meidogger hat it Wikipedy-skriuw-firus.
Fan de sân dagen; hoefolle binne jo hjir?
Linux
Dizze meidogger brûkt Linux.
Bewiis dat pinguïns yntelliginter binne as skiep.
Windows
Dizze meidogger brûkt Windows.
Bewiis dat der mear skiep binne as pinguïns.
Apel
Dizze meidogger brûkt Apel kompjûters.
Bewiist dat der mear pinguïns binne as apels.
Hardoek
Dizze meidogger wit
wêr't har handoek is.
Froulike froed; neamd yn Op 'e Tomme troch it Molkenpaad.
Handoek
Dizze meidogger wit
wêr't syn handoek is.
Manlike froed; neamd yn Op 'e Tomme troch it Molkenpaad.
Helpt
Dizze meidogger helpt graach.
Men moat betinke wat wichtich is.
Frouljusûnderside
Dizze meidogger skriuwt mei oan Froulju sûnder side.
Der is mear as polityk en it waar.