Hillige Geasttsjerke (Kopenhagen): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
Helligaandskirken_Copenhagen_northwest.jpg ferfange troch Helligåndshuset_Copenhagen_northwest.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: [[:c:COM
Rigel 14: Rigel 14:
Ofbyld:Helligaandskirken Copenhagen porch.jpg|Porteal
Ofbyld:Helligaandskirken Copenhagen porch.jpg|Porteal
Ofbyld:Helligaandskirken Copenhagen tower1.jpg|Toer
Ofbyld:Helligaandskirken Copenhagen tower1.jpg|Toer
Ofbyld:Helligaandskirken Copenhagen northwest.jpg|Hillige Geasthûs
Ofbyld:Helligåndshuset Copenhagen northwest.jpg|Hillige Geasthûs
</gallery>
</gallery>



De ferzje fan 17 jan 2020 om 23.20

Hillige Geasttsjerke
It grutte oargel
Alter

De Hillige Geasttsjerke (Deensk: Helligåndskirken) is in lutherske parochytsjerke yn it sintrum fan de Deenske haadstêd Kopenhagen.

Skiednis

Fan 1450 oant de Reformaasje wie de tsjerke in kleastertsjerke fan de minderbruorren. By de grutte stedsbrân yn 1728 waard de hiele âlde ynrjochting fan de tsjerke ferneatige. De tsjerke waard op'e nij boud en op 30 novimber 1732 wer ynwijd.

It Hillige Geasthûs (Helligåndshuset), in gebou dat grinzget oan de tsjerke en ea tsjinst die as hospitaal, is it grutste noch besteande midsiuwske bouwurk fan Kopenhagen. It gebou is eigendom fan de tsjerke en wurdt tsjintwurdich brûkt foar útstallings.

De Hillige Geasttsjerke is ferbûn mei de Grienlânske mienskip fan Kopenhagen. Ienris yn'e moanne wurde hjir tsjinsten yn'e taal fan Grienlân, it Inuktitut, fierd.

Ynrjochting

De tserke had in rike ynrjochting. It neamen wurdich binne benammen:

  • it alter;
  • de kânsel;
  • it moderne doopfont;
  • it histoaryske doopfont.

Oargel

It oargel waard yn 1879 troch de oargelbouwer Knud Olsen boud. Yn 1986 waard it oargel troch Marcussen & Søn (Appenrade) oerarbeide en fergrutte. It instrumint hat hjoeddedei 75 registers ferdield oer fjouwer klavieren en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.

Ofbylden

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hillige Geasttsjerke, Kopenhagen fan Wikimedia Commons.