Brân fan Kopenhagen (1728)

Ut Wikipedy
Kaart fan Joachim Hassing fan Kopenhagen út 1728. It ferbaarnde diel fan de stêd is giel markearre. De linker ûnderhoeke is it noarden

De Brân fan Kopenhagen yn 1728 wie de grutste brân yn 'e skiednis fan Denemark. It tal deaden en ferwûnen is net fêstlein mar hie, sjoen de ûnbidige ferwoastgingen, folle slimmer kind. Nettsjinsteande dat wiene de kulturele ferliezen enoarm. It âlde stedhûs, fiif tsjerken, tal fan hûzen en in grut tal keunstwurken gyngen foar ivich ferlern. Mei de Universiteit fan Kopenhagen waarden ek 35.000 dokuminten mei in grut argyf en tal fan unike wurken fertarre troch it fjoer.

De brân begûn op de jûn van 20 oktober earne tusken 18:00 en 20:00 oere en bleau trochbaarnen oant 23 oktober. Likernôch 28% fan de stêd waard yn 'e jiske lein. Sawat 20% fan de befolking rekke hûs en húsrie kwyt (sa'n 70.000 persoanen) en de weropbou duorre oant 1737. Fan de âlde midsiuwske stêd gyng sels 47% folslein ferlern. Tegearre mei de brân fan 1795 is de brân fan 1728 de oarsaak dat der yn it hjoeddeiske Kopenhagen hast gjin tsjûgen fan midsiuwske boukeunst mear te finen binne.

De lokaasje wêr't de brân ûntstie wie oan it doedestiidske Vester Kvarter 146 (tsjintwurdich likernôch it plak dêr't Frederiksberggade op it Rådhuspladsen einiget). Dêr wenne de widdo Signe Hansen, dy't har hûs foar in part ferhierde oan Peder Rasmussen en syn frou Anne Iversdatter dy't dêr in ytgelegenheid hiene. De brân ûntstie op de twadde ferdjipping. Nei de brân ferklearren sawol Peder as syn frou Anne dat harren soan fan 7 jier âld troch ûngelok in kandler mei in baarnende kjers omstjitten hie. It hat der in protte fan dat de man en syn oare helte de soan de skuld yn 'e skuon skoden, om sa harren eigen ûnfoarsichtigens ta te dekken en straf tefoarren te kommen.

Troch in gearrin fan omstannichheden wist it fjoer rap om him hinne te gripen. Trije dagen raasde it fjoer troch Kopenhagen oant it op sneon 23 oktober stadichoan oan krêft ferlear. It folk lei it dôvjen fan it fjoer op sneon út as in godlike yntervinsje. Kening Kristiaan VI stelde yn 1731 dy dei, de 23ste oktober, as in nasjonale feestdei yn en om God te tankjen waarden op dy dei yn alle tsjerken fan Kopenhagen tanktsjinsten holden. Yn 1770 waard de feestdei mei in herfoarming fan de feestdagen wer fan de kalinder helle.

Nei de brân waard een kommisje beneamd foar in nij strjitteplan fan it ferwoastge stedsdiel. De kommisje kaam mei in útstel foar in nij strjitteplan en in ferbod op de bou fan vakwurkhûzen. Lang hat it ferbod op vakwurkhûzen net duorre: yn 1731 waard it wer opheven om't hûzen fan bakstien folle djoerder útpakten. It midsiuwske Kopenhagen wie by it reekommen fan de rekonstruksje yn 1737 lykwols bliuwend skeind: stegen en strjitten folgen net mear de oarspronklike paden en guon holden sels op te bestean.