Hamsterrotten: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 okt 2019 om 21.41

Hamsterrotten
In Eminhamsterrôt (Cricetomys emini).
In Eminhamsterrôt (Cricetomys emini).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûsfoarmigen (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: Afrikaanske mûzen en rotten
   (Nesomyidae)
ûnderfamylje: hamsterrotten (Cricetomyinae)
Roberts, 1951

De hamsterrotten (wittenskiplike namme: Cricetomyinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûsfoarmigen (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea) en de famylje fan 'e Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidae). Hamsterrotten binne lânseigen op it fêstelân fan Afrika besuden de Sahara, mei útsûndering fan 'e súdpunt fan it kontinint. Se binne besibbe oan û.m. de Madagaskarrotten, de klimmûzen en de rotsmûzen, dy't ek ta de Afrikaanske mûzen en rotten hearre.

Skaaimerken

Hamsterrotten hawwe grutte wangpûden en harren kiezzen hawwe in morfology dy't ôfwykt fan dy fan oare soarten Afrikaanske mûzen en rotten. Eins lykje de kiezzen fan 'e hamsterrotten sterk op dy fan 'e mûzen en rotten fan 'e Alde Wrâld (Murinae), in ûnderfamylje fan 'e mûseftigen (Muridae), mar saakkundigen ornearje dat dat komt troch parallelle evolúsje, om't beide groepen bisten harren kiezzen krekt-en-gelyk brûke, en net om't se nau besibbe wêze soene. De ûnderfamylje fan 'e hamsterrotten bestiet út trije hiel ferskillende skaaien. De echte hamsterrotten (Beamys) binne middelgrut, rûchwei like grut as in brune rôt; de hamstermûzen (Saccostomus) binne lytser, wylst de reuzehamsterrotten (Cricetomys) de grutste soarten fan 'e mûzen en rotten omfiemje, dy't noch in slach grutter binne as in flinke muskusrôt.

Famylje-opbou

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.