Penthouse (tydskrift): ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Yn [[1998]] begûn de ''Penthouse'' as reäksje op 'e delgeande ferkeapsifers ek [[pornografy]]ske foto's te pleatsen, dêr't echte [[orale seks|orale]], [[faginale seks|faginale]] en [[anale seks|anale penetraasje]] op te sjen wie, te begjinnen mei bylden fan 'e beruchte ''Stolen Honeymoon''-sekstape fan [[aktrise]] [[Pamela Anderson]] en ''[[Mötley Crüe]]''-drummer [[Tommy Lee]].
 
It mocht lykwols net bate, en ''General Media, Inc.'', de memme-ûndernimming fan 'e ''Penthouse'', gie yn [[2003]] fajytfallyt. Neffens oprjochter Bob Guccione hie it blêd doe sûnt [[1969]] $3,5 oant $4 miljard brutowinst makke, mei in nettowinst fan om 'e $0,5 miljard hinne. Mei in kaptaalynjeksje troch ''Cerberus Capital Management'' koe ''General Media'' in trochstart meitsje, hoewol't der yn 'e top fan it bedriuw in wikseling fan 'e wacht plakfûn. Guccione sels stapte yn [[2004]] op. De nije eigners swakken de ynhâld fan 'e ''Penthouse'' wer ôf ta neakenfotografy, mar de ferkeapsifers holden net op fan omleech te gean. De hjoeddeiske oplaach fan it blêd is likernôch 350.000 eksimplaren. Op [[17 septimber]] [[2013]] frege de ''Penthouse'' útstel fan betelling oan.
 
Yn [[2007]] naam ''General Media'' it bedriuw ''FriendFinder Network'' oer, in holding foar mear as 8.000 websiden op it [[ynternet]], wêrby't it almeast giet om ''[[dating site]]s'', lykas ''AdultFriendFinder.com''. Neitiid feroare ''General Media'' syn namme yn ''FriendFinder Network''.

Navigaasjemenu