Foarburch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
nl
 
L Drewes hat de side Voorburg omneamd ta Voorburg (Súd-Hollân): It tilt op fan de Foarboargen
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 17 mai 2019 om 18.18

Voorburg is in stêd en eardere gemeente yn Súd-Hollân dy't op 1 jannewaris 2002 fusearre mei Leidschendam ta de hjoeddeiske gemeente Leidschendam-Voorburg. Voorburg leit oan it Ryn-Schiekanaal (ek wol Vliet neamd) en grinzet oan De Haach, Rijswijk en (binnen de eigen gemeente) oan Leidschendam. Hoewol't Voorburg hielendal fêstgroeid is oan De Haach hat it in âlde doarpskearn en in eigen skiednis. Voorburg is hielendal ferstêdlike. Binnen de gruttere gemeente Leidschendam-Voorburg binne noch wol lanlike gebieten.

Voorburg leit op in âlde dunerige of strânwâl dy't bylâns de Noardseekust rint en dêr't al sûnt ± 2700 f.Kr. minsken wenje, sa blykt út argeologyske fynsten. Bewenning is ek oantoand yn de Brûnstiid en de Lette Izertiid, de perioade foar en fan de Romeinske oerhearsking. Yn 1988 waard de twatûzenjierrige histoarje fan Voorburg fierd.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: