Marcus Lycklama à Nijeholt: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 18: Rigel 18:
[[Kategory:Frysk rjochtsgelearde]]
[[Kategory:Frysk rjochtsgelearde]]
[[Kategory:Frysk heechlearaar]]
[[Kategory:Frysk heechlearaar]]
[[Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer]]
[[Kategory:Frysk politikus]]
[[Kategory:Frysk politikus]]
[[Kategory:Grytman fan Eaststellingwerf]]
[[Kategory:Grytman fan Eaststellingwerf]]

De ferzje fan 23 apr 2015 om 12.11

Marcus Lycklama à Nijeholt

Marcus Lycklama à Nijeholt (17 jannewaris 1573 - 9 augustus 1625) wie in bestjoerder, abbekaat en heechlearaar. Hy wie de pakesizzer fan Lyckle Eables, stamheit fan de famylje Lycklama à Nijeholt.

Lycklama à Nijeholt studearre rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer. Fan 1604 oant 1610 wie er dêr heechlearaar (pandekten). Yn 1610 waard er kurater fan de Frjentsjerter Akademy. Ek waard hy grytman fan Eaststellingwerf en meardere kearen lid fan de Steaten Generaal en de Rie fan Steate. Yn 1623 waard hy de grytman fan Weststellingwerf. Yn ambassade nei Denemark (1621). Neist dizze funksjes hat hy ûnder oare ek advokaat yn Ljouwert west. De Republyk Feneesje beneamde him ta ridder yn de oarder fan St. Markus.

Yn 1609 is Lycklama à Nijeholt troud mei Perck van Goslinga, sy krigen gjin bern. Hy leit begroeven yn de tsjerke fan Nijeholtpea.

Hy hat in tal juridyske geskriften skreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: