Springe nei ynhâld

Oscar: ferskil tusken ferzjes

4.134 bytes grutter ,  8 jier lyn
L
red + oanf
L (kt)
L (red + oanf)
[[File:81st Academy Awards Ceremony.JPG|right|thumb|300px|Bûtendoar by de útrikking fan 'e ''Oscars'' yn [[2009]].]]
In '''Oskar''', offisjeel in '''Academy Award of Merit''', is in wurdearring dy't takend wurdt foar bysûndere prestaasjes op it mêd fan de film. De Oskars wurde alle jierren takend troch de ''Academy of Motion Picture Arts and Sciences'' ('Akadeemje fan Filmkeunst en -wittenskip'). De measte kategoryen dêr't in Oskar foar takend wurdt binne lykwols "bêste", dat in Oskar fungearret min ofte mear as kampioenskipspriis foar sa'n kategory. De útrikking fan de Oskars bart sûnt 2002 alle jierren yn it Kodakteater yn [[Hollywood]] yn [[Los Angeles]], [[Kalifornje]].
De '''''Academy Awards''''', offisjeel folút de '''''Academy Awards of Merit''''', mar better bekend as de '''''Oscars''''', binne in groep [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] prizen dy't jierliks yn in grut tal kategoryen útrikt wurde foar bysûndere prestaasjes op it mêd fan 'e [[film]]. It binne wrâlds bekendste en meast prestizjeuze filmprizen, en se korrespondearje yn 'e [[Feriene Steaten]] mei oare wichtige prizen op it mêd fan [[tillevyzje]] (de ''[[Emmy Award|Emmys]]''), [[toaniel]] (de ''[[Tony Award|Tonys]]'') en [[muzyk]] (de ''[[Grammy Award|Grammys]]''). Op it terrein fan [[pornografyske film]]s hawwe de ''[[AVN Award]]s'' in ferlykbere status.
 
==Eftergrûn==
{{stobbe-kultuer}}
De ''Oscars'' waarden foar it earst útrikt yn [[1929]]. De tawizing en de útrikking fan 'e prizen wurdt organisearre troch ''[[Academy of Motion Picture Arts and Sciences]]'' ("Akademy fan Filmkeunsten en -wittenskippen"). De útrikkingsseremoanje, dy't plakfynt yn it ''[[Dolby Theatre]]'' te [[Los Angeles]] (dat foarhinne it ''Kodak Theatre'' hiet), is ien fan 'e hichtepunten fan it Amerikaanske tillevyzjejier en wurdt ''live'' útstjoerd. De earste tillevyzjeregistraasje wie yn [[1953]]. It is ûnbekend wêr't de bynamme "Oscar" weikomt, al geane dêr in ferskaat fan ferhalen oer, allegear like ûnbewiisber en gauris mar frijwat fiersocht. De measte kategoryen dêr't in Oskar foar takend wurdt, binne basearre op in wedstrydelemint, al sprekt de ''Academy of Motion Picture Arts and Sciences'' leaver fan prizen basearre op "fertsjinste" (''merit''). Mar hoe't je it ek neame wolle, feit bliuwt dat in Oskar yn 'e measte kategoryen min ofte mear as kampioenskipspriis fungearret. De winners fan 'e ''Oscars'' wurde keazen troch de leden fan 'e ''Academy of Motion Picture Arts and Sciences'' (foar de "fertsjinste"-kategoryen) of útornearre troch spesjaal dêrfoar gearstalde komitees (de spesjale kategoryen).
 
==Kategoryen==
;kategoryen fan "fertsjinste"
* bêste [[film]] (sûnt 1929)
* bêste bûtenlânske, net-[[Ingelsk]]talige film (sûnt 1958)
* bêste [[koarte film]] (sûnt 1932)
* bêste [[tekenfilm]] (sûnt 2002)
* bêste koarte tekenfilm (sûnt 1932)
* bêste [[dokumintêre]] (sûnt 1944)
* bêste koarte dokumintêre (sûnt 1942)
 
* bêste [[regisseur]] (sûnt 1929)
* bêste haadrol fan in [[akteur]] (sûnt 1929)
* bêste haadrol fan in aktrise (sûnt 1929)
* bêste byrol fan in akteur (sûnt 1937)
* bêste byrol fan in aktrise (sûnt 1937)
 
* bêste adaptearre senario (sûnt 1929)
* bêste [[filmediting]] (sûnt 1935)
* bêste kostúmûntwerp (sûnt 1949)
* bêste lûd-editing (sûnt 1964)
* bêste lûdstechnyk (sûnt 1931)
* bêste [[make-up]] en hierstyling (sûnt 1982)
* bêste oarspronklike [[senario]] (sûnt 1941)
* bêste oarspronklike filmmuzyk (sûnt 1935)
* bêste oarspronklike liet (sûnt 1935)
* bêste produksje-ûntwerp (foarhinne "kamerarezjy"; sûnt 1929)
* bêste [[sinematografy]] (sûnt 1929)
* bêste ''[[special effects]]'' (sûnt 1940)
 
Troch de jierren hinne binne ferskaten fan dizze prizen opspjalte yn subkategoryen, lykas "bêste regisseur fan in drama" en "bêste regisseur fan in komeedzje". De ''Oscar'' foar "bêste oarspronklike musical" bestiet noch altyd, mar is fanwegen te min gadingmakkers sûnt [[1984]] net mear útrikt.
 
;spesjale kategoryen
(net elts jier útrikt)
* ''Academy Honorary Award'' of "eare-''Oscar''" (sûnt 1930)
* ''Academy Scientific and Technical Award'' (sûnt 1932)
* ''Gordon E. Sawyer Award'' (sûnt 1982)
* ''Irving G. Thalberg Memorial Award'' (sûnt 1939)
* ''Jean Hersholt Humanitarian Award'' (sûnt 1957)
 
;ophefte kategoryen fan "fertsjinste"
* bêste assistint-regisseur (1934-1938)
* bêste regisseur (komeedzjefilm) (1929)
* bêste [[goreografy]] ("dûnsrezjy") (1936-1938)
* bêste technyske effekten (1929)
* bêste oarspronklike musical- of komeedzjemuzyk (1996-2000)
* bêste oarspronklike ferhaal (1929-1957)
* bêste muzyk (adaptaasje) (1963-1970 en 1974)
* bêste koarte film (kleur) (1937-1938)
* bêste koarte film (''live action - 2 reels'') (1937-1957)
* bêste koarte film (''novelty'') (1933-1936)
* bêste titeling (1929)
* bêste unike en artistike produksjekwaliteit (1929)
 
;ophefte spesjale kategoryen
* ''Academy Juvenile Award'' (1935-1961)
* ''Academy Special Achievement Award'' (1973-1996)
 
==Keppelings om utens==
* {{en}}[http://www.oscars.org Offisjele webside fan 'e ''Oscars'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Academy_Awards ''Notes'' en ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Academy Awards}}
}}
 
[[Kategory:Filmpriis]]