De Houtigehage: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2197846
Rigel 43: Rigel 43:
Ofbyld:Noord-Jeruel Houtigehage.jpg|''Tsjerkegebou Noard Jeruël yn De Houtigehage
Ofbyld:Noord-Jeruel Houtigehage.jpg|''Tsjerkegebou Noard Jeruël yn De Houtigehage
Ofbyld:Ds Johannes Antonie Visscher Houtigehage.jpg|''Tinkstien foar ds [[Johannes Antonie Visscher]]''
Ofbyld:Ds Johannes Antonie Visscher Houtigehage.jpg|''Tinkstien foar ds [[Johannes Antonie Visscher]]''
File:Houtigehage.jpg
</gallery>
</gallery>



De ferzje fan 9 jan 2014 om 13.39

De Houtigehage
Flagge fan De Houtigehage Wapen fan De Houtigehage
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Houtigehage
Gemeente Smellingerlân
Ynwennertal (2012) 908
Webstee Pleatslik Belang
De Houtigehage fanút noardeastlike rjochting

De Houtigehage is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardeast fan Drachten. It doarp hat likernôch 910 ynwenners (2012), mei in basisskoalle IBS De Wiksel, in kroech en in itersstee. Der lizze twa buorskippen tichtby:Luchtenveld en Fianen.

Oan de earste helte fan de 18e ieu ta leinen yn dizze streek hege feanen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1718 lizze dêr de Folger Feanen mei yn it ferlingde fan de Burmaniasleat: de Hillema Gruppel. De feanen binne al gau nei dy tiid yn inkele tsientallen jierren ôfgroeven foar de turfwinning. Nei de oarloch stie it doarp bekend as it kommunistyske bolwurk. De tsjerkedoarpen der omhinne wiene faak wat riker. Der wie in soad earmoede, en der waarden wurkferskaffingsprojekten opsetten. Begjin jierren fyftich wie de wurkleazens hast 30% en sa'n sechtich wurkleazen gie út protest oan it wurk. Se begûnen fannijs in ûnbegeanber paad oan te lizzen. De VPRO hat hjir yn 2007 in programma oan wijd.

Yn it earstoan tsjerken de ynwenners yn it westlik lizzende doarp Rottefalle. Johannes Antonie Visscher, dominy yn it begjin fan de 20e ieu, wie begien mei it lot fan De Houtigehage, publisearre oer de ’arme Friesche heide’ en hat in soad dien foar de fierdere ûntginning. De haadstrjitte is dan ek nei him ferneamd. Wenningbouferiening Smellingerlân sette doe ek útein mei in wenningbouprogram, dêr‘t de wenningen mei krimpe en skuorre oan de Skoallewyk yn 1909 de earsten wienen. Ien fan dy huzen is no ta in museum fan emansipaasje restaurearre en ynrjochte.

Mienskip

Oan De Buorren stiet it doarpshûs 'De Huchte', hjir komt ek de feriening foar Doarpsbelang gear. Op de Fryske Dei wienen tema's as Fryske Beikedei, Bûter, brea en griene tsiis. "It Wâldhúske" út 1908 is ek faak ûnderdiel fan it program. Elk jier wurdt der in grut feest hâlden: in piratefeest mei Nederlânsktalige muzyk en der wurdt om de trije jier in grutte optocht mei fersierde weinen hâlden.

Ferienings

Befolking

Strjitten

Boelenswei, Buorren, De Linebeammen, De Pikstiennen, De Skieding, Ds. De Visscherwei, Dúnoardswei, Dwerstakke, Fabryksloane, Fianen, Folgersterloane, It Grien, Klompmakkerspaad, Luchtenveld, Michielsreed, Nije Streek, Parkenwyk, Skoallewyk, Spitsbergen, Wâldstrjitte, Wytse Peetswei.

Sjoch ek

Keppeling om utens