Meidogger oerlis:Swarte Kees: ferskil tusken ferzjes

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Argyf 6
Rigel 1: Rigel 1:
Earder oerlis op [[/Argyf1]] [[/Argyf2]] [[/Argyf3]] [[/Argyf4]] [[/Argyf5]]
Earder oerlis op [[/Argyf1]] [[/Argyf2]] [[/Argyf3]] [[/Argyf4]] [[/Argyf5]] [[/Argyf6]]
== Request for translation. Yanka Kupala and Yakub Kolas ==
Warm greeting from Belarusian Wikipedia!
This year we celebrate 130. birthday of Belarusian great poets [[en:Yanka Kupala]] and [[en:Yakub Kolas]]
Could you help us to translate articles into your unique and honourable language? Thank you in advance!--[[Meidogger:Rymchonak|Rymchonak]] 16 jan 2012, 12.56 (CET)

== Topside ==
Goeijûn. Yn 2011 sille wy it plan wer oppakke foar de stjerartikels, topside neamd op ús wikipedy. Earder is de side [[wikipedy:topside]] al oanmakke, wêr't alle topside bymekoar te stean komme. Hjoed haw ik de side [[wikipedy:kandidaatsiden]] makke, hjir kin troch de meidoggers stimd wurde oer of't in side al as net de namme 'topside' fertsjinnet. Graach soe ik fan jo hearre wat jo tinke fan it plan en of't der noch op- en oanmerkings binne. Jo kinne jo kommentaar [[Wikipedy oerlis:Kandidaatsiden|hjir]] spuie. [[Meidogger:J'88|J'88]] 3 jan 2011, 20.57 (CET)

== Topside logo ==
Goeie Kees! Foar de Topsiden woenen wy graach in gouden pompeblêd hawwe, is werris wat oars as in stjerke. No haw ik fan Commons in pompeblêd helle en folslein goud makke, mar ik bin sels net heul handich mei dat soarte saken. Ik leau dat jo yn it ferline wol dwaande west binne mei kaartsjes en dat soarte saken. Soene jo ris sjen wolle of jo in gouden pompeblêd meitsje kinne foar de topsiden? Freonlike groetnis, [[Meidogger:J'88|J'88]] 4 jan 2011, 11.35 (CET).
:Dei J., tank foar it stelde betrouwen. In pompebledsje past folle moaier op ús wikipedy as in stjerke. Ik ha oan de gong west mei oare kleuren en soks slagget wol, mar net sa dat in glânseffekt ûntstiet. By it troch jo bedoelde stjerke is wurke mei meardere soarten giel, mar soks slagget my net. Op himsels is it goudgiele stjerke ek wol goed tinkt my It kin letter altiten ferfongen wurde troch in noch bettere as dy beskikber komt. Ik sil nochris om my hinne freegje oft der ien is dy't soks oanmeitsje kin. Groetnis,
--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 9 jan 2011, 08.07 (CET)
::Goeie Kees. Ik haw de side dy't jo rekommandearren besjoen, mar kin net in goeie kleur útkieze. Se hawwe allegear wol wat. Misskien dat wy it yndied hjir earst mar by litte moatte. It sjocht der aardich út en yn de takomst kin it yndied sa feroare wurde. Tank foar de muoite yn elts gefal! [[Meidogger:J'88|J'88]] 9 jan 2011, 19.39 (CET)

== Tank ==

Tank foar jo reaksje! Ik ha it oanpast. Groetnis, [[Meidogger:J'88|J'88]] 14 jan 2011, 19.48 (CET).

== Utlizzen fan triedsjes ==
Jo hawwe der yn elts gefal foar soarge dat de drompel om mei te dwaan foar my ferlege waard. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 23 jan 2011, 18.35 (CET)
:Goed om te hearren. En jo hawwe sels ek al wer wat triedsjes útlein foar oaren. Groetnis, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 23 jan 2011, 18.37 (CET)

==Sjipsop==
Jo hawwe ek oeral ferstân fan. Gr. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 27 jan 2011, 23.06 (CET)

== dûbele siden ==
Jûn Kees, ik ha sjoen datsto twa kear deselde siden oanmakke hast [[Duerswâlder Heide]] en [[Duerswâldster Heide]]. Gr. --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 30 jan 2011, 18.50 (CET)
: se wienen suver hast gelyk, tank foar it omtinken, groetnis, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 30 jan 2011, 22.46 (CET)
Goedejûn Swarte Kees, neffens my hasto twa deselde siden oanmakke, nammentlik [[Stichting Alde Fryske Tsjerken]] en [[Stifting Alde Fryske Tsjerken]]. Groetnis fan [[Meidogger:MeinRei|MeinRei]] 6 feb 2011, 20.13 (CET)
:Tige tank MeinRei, it is wat mei al dy tsjerken,--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 6 feb 2011, 22.34 (CET)

== Kategory Side fan de wike 2011 ==

Goeiejûn Kees,

Ik tink dat ik wit hoe't it komt dat dêr hielt in blok by de side van de wike komt troch de kategoryen.
Der sit wytromte tusken it Lês mear en de kategory. Ik ha oant en mei wike 19 de wytromte fuorthelle, ris sjen as it no goed giet.
It kin ek wêze dat der nei de kategory noch ris op enter drukt is en dat der dus nog in wytrigel nei de kategory stiet.

Gr, [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 14 mrt 2011, 21.34 (CET)

== Braaid ==
Ik sil it oersette. Groetnis. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 27 mrt 2011, 17.52 (CEST)

== Carottaplaatsjes ==
Moai wurk Kees! In Wikywrâldprimeur!. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 11 apr 2011, 17.50 (CEST)

== Ynfoboks/[[Saturnus]] ==
Goejûn,

Ik ha krekt efkes dwaande west mei it meitsjen fan in universele ynfoboks foar planeten. Ik hoopje datsto de ynfoboks brûke wolst en kinst. Sis it mar at ik der noch wat oan feroarje moat. Mei de groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] 13 apr 2011, 22.42 (CEST)
:Bêst genôch, tige tank, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 13 apr 2011, 22.57 (CEST)

== Disclaimer medyske side ==
Goejûn,
Ik seach datsto hjoed dwaande wiest mei siden oer sykten. Soesto tenei de disclaimer '''<nowiki>{{Disclaimer medyske side}}</nowiki>''' foar medyske siden brûke wolle? Tank yn 't foar. --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] 18 apr 2011, 00.41 (CEST)

== Carotta ==
Neikommende tekst ha'k fan myn meidoggersside fersetten net de oerlisside: ''Goeie Kees, De teory fan Carotta is op it earste gesicht fremd en ropt reaksjes op. Mar net alle reaksjes " tsjin" binne allegearre goed yn it ramt fan Wikipedy''. 82.157.34.172
:Dei 82.157.34.172, sa sil ik jo earst mar neame, jo hawwe josels ommers net as meidogger bekend makke. Jo hienen jo opmerking by fersin op myn meidoggersside setten, mar foar oerlis hawwe wy dizze Oerlisside. Ik haw jo opmerking dêrom efkes op dit plak setten. Tsja dy Carotta hat in omstriden opfetting, faak ropt soks fûle tsjinstanners en fûle meistanners op, elk siket syn eigen wierheid. Op himsels is soks net slim, de wrâld bestiet ommers net út ien wierheid. It is saak elkoar romte te jaan. De wikipedy hat hjir ek gjin miening oer, se wol allinnich beskriuwe. Sjoen de wizigings fan de lêste dagen en de skiednis op nl: oer Carotta liket it my tiid foar wat oerlis, en sok oerlis heart dan [[http://fy.wikipedia.org/wiki/Oerlis:Francesco_Carotta hjir]] thús. --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 3 maaie 2011, 10.06 (CEST)

== (Be)lestich ==
Jûn Kees, ik wie fan doel in stikje te skriuwen oer de ''Vijf Speciën'' (histoaryske belesting). Mar, hoe set je speciën oer? Spesjen, spesiën, speesjen? Witte jo it? [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 15 maaie 2011, 22.38 (CEST)
:Tsja, dêr neame jo wat: ''Speesjes'' soe de timmerman sizze, mar it komt der foar myn gefoel wol it tichtste by. ''Spesiën'' soe ek kinne of ''speciën'' stean litte. Fiel jo frij óf lis it foar oan it Taalburo fan de Fryske Akademy. Fan pduijff@fryske-akademy.nl hie ik lêstendeis binnen in dei antwurd. Groetnis, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 15 maaie 2011, 22.51 (CEST)

== Roelof en Marit Bouwmeester ==

Goeiejûn Swarte Kees Myn kompliminten foar it regeljen fan de ôfbylden goed wurk Gr, [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 21 jun 2011, 21.51 (CEST)

== Strjitten yn Marrum ==

Goeiemoarn Kees, Soene jo binnenkoart ris nei dit artikel sjen kinne? [[Strjitten yn Marrum]] ik haw it idee dat it noch yn it Nederlânsk stiet. Gr [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 24 jun 2011, 07.41 (CEST)
:Komt yn de bus,--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 24 jun 2011, 07.48 (CEST)

== Bosmanhûs ==
Dei Kees. Dat artikel op States en Stinzen fan Leemburg rattelt oan alle kanten. Ek dat Op't Veld-ferhaal haw ik fraachtekens by. Hawwe jo tafallich dat boek fan P.N. Noomen yn'e hûs? Dat moat Leemburg syn boarne wêze. Ik bin wol benijd nei Noomen syn boarnen. Goetnis [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 2 july 2011, 12.23 (CEST)
:Dei Drewes, ik kin Leemburg wolris oanskriuwe, 'k haw in skoftlyn in soad kontakt mei de man hân en hy fynt it grif wol moai om wer ris yn de matearje te dûken. Soenen jo noch wat krekter oanjaan kinne wat der krekt rattelt yn it artikel? --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 2 jul 2011, 13.15 (CEST)

Hoi Kees,

Myn fragen en opmerkings:
* ''FC4; upt Felt gued yn 1511, (*1) Opfelde zaete yn 1543), dat yn 1698/1700 mei Wibalda ien gebrûksienheid foarme''. - Fraach: hat dêr ea wol in pleats (fan belang) west, of wie it allinne lân? En: soe it Hûs Bosman dan as in fuortsetting yn de bouskiednis fan ‘up’t Felt gued’ beskôge wurde meie?

* ''liet hy oan de noardside fan it doarp yn 1674 it hûs Bosman op in omgrêfte terrein mei (yn 1832) plaisierwater, tuin, gracht en singel bouwe''. - De beide Schotanuskaarten jouwe Hûs Bosman sûnder grêft oan de noardrâne fan de terp. Earst op de kadasterminút is de plaisiertún mei grêft en dobbe te sjen (Drewes hat beide noch kend), op it perseel efter it oarspronklike perseel dêr’t Hûs Bosman stie.

* Leemburg syn beskriuwing fan de lizzing fan de bygebouwen doocht mar foar in part. De kadasterminút is dêr dúdlik oer (sjoch oerlis).

* Sawol Herma van den Berg as Van der Aa hawwe gjin ferbân lein tusken Bosman en ’Opfelde zaete’ (mar dat seit net alles).

* ''Mooglik hat hjirop de adfertinsje fan 1850 betrekking, wêryn ferkeap op ôfbrak oankundige wurdt fan in bûtenpleats yn Mitselwier (Wumkes H, 237)''. – Likernôch '''1850''' is der in '''nij wagen- en stalhuis''' (omskriuwing út 1900) boud op benei it plak fan de ‘broeibakken’ oan de súdgreft. Wêrom at it hûs der al ôf wie? It kin der ek neat mei te meitsjen hawwe wit ik wol, mar it makket my nijsgirrich.

Groetnis [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 2 jul 2011, 14.45 (CEST)
::Moai dúdlike fagen Drewes, nijsgjirrichheid is op't lêst eat dat ús as meidoggers driuwt. Ik haw Jan Leemburg niis oanskreaun, sa gau at ik wat hear lit ik it witte. Ik set dit Oerlis foar it gemak efkes ek by it Bosmanhûs, dan hoech ik der net alle kearen tusken te sitten. Groetnis, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 2 jul 2011, 15.56 (CEST)
:::Boppesteand Oerlis giet [http://fy.wikipedia.org/wiki/Oerlis:Bosmanhûs hjir] fierder. --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 2 jul 2011, 16.01 (CEST)
:Tanke foar dyn muoite Kees. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 2 jul 2011, 16.35 (CEST)

== sinjatuer/sinjatuur? ==
Soe it dêrom net slagje wolle. Om't ik it ferkeard skreaun ha?
:Dat soe my sterk lykje, al kin ik dêr net goed oer oardiele --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 12 jul 2011, 08.16 (CEST)
[[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 12 jul 2011, 08.11 (CEST)
::Wat it ek is se steane no wer op de wisklist. As ik der ea efter kom wêrom it net slagje wol. Doch ik wer ris in poging. gr, [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 12 jul 2011, 08.18 (CEST)

== Drokte ==
Goeie Kees, Jo hawwe it grif drok, mar [[Abel fan Denemark]], soe dat foar de Kryst noch wat wurde? [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 17 jul 2011, 16.57 (CEST)
:Abel hat foar de krystdagen [[Alfred Rust]] (Roest) útnoege..--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 18 jul 2011, 10.51 (CEST)

== Alde kaarten ==
Goeie Kees. De beide atlassen fan Schotanus en dy fan Eekhoff binne online te rieplachtsjen op Tresoar. Groetnis. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 7 aug 2011, 22.03 (CEST)

== Reade Hoa(r)ne ==
Ik bin al tiden op syk nei de lokaasje fan Reade Hoarne oan de oare kante kop-Middelsee. Hat Gildemacher dêr ek wat oer? [[Meidogger:Yn &#39;e Wâlden|Yn &#39;e Wâlden]] 26 aug 2011, 12.17 (CEST)
:Heul apart, mar yn it boek stiet neat oer Reade Hoarne. Wy hawwe op de wikipedy al : [http://fy.wikipedia.org/wiki/Roode_Haan dit], mar dêr giet it jo grif net om..(?) Groetnis, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 26 aug 2011, 12.25 (CEST)
::Neffens wat ik ea lêzen haw, soe it útbuorrentsje op de tsjinoerstelde hoeke fan Swarte Hoanne (ea is fan Hoarne Hoanne makke) wêze moatte. Dus op de oare hoarne fan de middelsee. Dat read soe te krijen hawwe mei it stees plonderjen en yn brânstekken fan it buorrentsje troch ûnrant/kapers op see. Ik haw it spitigernôch - it is ommers in moai ferhaal - nea fine kinnen.[[Meidogger:Yn &#39;e Wâlden|Yn &#39;e Wâlden]] 26 aug 2011, 14.55 (CEST)

== fertaling ==

Midje,
ûndersteande fraach hie ik ek al steld op de oerlisside mar dêr is noch gjin reaksje op kommen.

Dizze wike bin ik begûn mei it [[Gymnastyk op de Olympyske Simmerspullen]] mar no sit ik mei de fertaling fan in oantal wurden.
Kin se net rjocht fyne in it wurdboek. Kin immen hjir ris efkes nei sjen?

It giet om:
*Paard Voltige;
*Tumbling; (salto's meitsje op in lange matte) sit sels sterk oan ''tûmmelje'' te tinken as fertaling.
*Zijwaardse Sprong;

gr, [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 25 sep 2011, 13.37 (CEST)
:It wie foar Zantema en Visser harren tiid dat dêr stiet it net yn.. Ik soe se sels leau'k mar stean litte, myn twadde kar ferfryske yn Foltiizje, Tommelje/Tûmelje en Sprong Sydwerts en as tredde in nij optocht wurd. Dan sille der wol Rerecten komme moatte. Jo soenen de fraach ekris oan dit Taalburo fan de Fryske Akademy foarlizze kinne: taalburo(apesturtsje)fa.knaw.nl; Hindrik sijens sil grif wol wat fan him hearre litte. Groetnis, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 25 sep 2011, 14.03 (CEST)
:: Ik soe foar foltiizje kieze. Analooch oan prestiizje. It tiidwurd prestearje ken eins twa haadwurdútgongen mei in eigen betsjutting, nammentlik prestaasje en prestiizje. Dat "voltige" giet oer wikseljen, krekt as foltaazje oer it wikselen fan de steam giet. Dan soene jo op foltiizjehynder/ hynderfoltiizje en it tiidwurd foltearje komme. Sa is de saak wer rûn. [[Meidogger:Yn &#39;e Wâlden|Yn &#39;e Wâlden]] 26 sep 2011, 16.38 (CEST)
::: Tankewol foar de reaksjes :-) ik ha it oanpast, as immen noch wat tsjinkomt, graach in reaksje op [[Wikipedy oerlis:Putsje/Olympyske Spullen]]. - [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 27 sep 2011, 08.16 (CEST)

== Willebrord fan Schaumburch ==

Dei Kees, ik kom der efter dat [[Willebrord fan Schaumburch]] deselde is as [[Wilwolt fan Schaumberch]] en stel foar de siden ynelkoar te skowen. Sille wy fan Willebrord mar in redirect meitsje? --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 25 sep 2011, 13.57 (CEST)
:Bêst genôch, it wie my ûntgien. Fiel jo frij,--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 25 sep 2011, 14.04 (CEST)

== Artikels oer Snits ==

Jo hawwe it mar drok

[[Ofbyld:RedFlower.png|thumb|200px|Blomke foar it wurk oan de artikels oer [[:Kategory:Snits]]]] [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 13 okt 2011, 09.40 (CEST)

== Hanenburch twaris ==
Soene jo in tuskenwiki meitsje wolle foar de namme Hanenburch? Hy is der as hotel yn Snits, mar hjoed hat ek it buorskip ûnder Feankleaster de offisjele buorden Hanenburch krigen.[[Meidogger:Yn &#39;e Wâlden|Yn &#39;e Wâlden]] 13 okt 2011, 19.54 (CEST)<br>
Hoe moat dat Kees? [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 13 okt 2011, 20.29 (CEST)
:Dien, hjir wie ferlet fan in trochferwiisside.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 13 okt 2011, 22.53 (CEST)
::Tige tank.[[Meidogger:Yn &#39;e Wâlden|Yn &#39;e Wâlden]] 14 okt 2011, 11.23 (CEST)

== stavering ==
Moarn Kees, soesto de stavering foar my hifkje wolle yn de [[Grutte Fryske Oarloch]] en is it, it soen of de soen? Gr. --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 23 okt 2011, 11.44 (CEST)
:Goeie, Geoffrey. IK sjopch der aanst nei iten wol efkes nei. Zantema hâldt it op 'de' soen, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 23 okt 2011, 12.23 (CEST).

== [[Technology]] ==
Bêste Kees,

Ik ha de side [[Technology]] bewurke. Reden wie de dizenige taal en de nuvere ferbannen dy't der leinen. Neffens my hasto in part fan de ynformaasje fan de Nederlânske Wikipedy ôfhelle. Under de kop 'Algemeen' ha se wol hiele algemiene ynformaasje delset en ferbannen lein dy't lang net allegear hurd te meitsjen binne. Sa fûn ik dinkjes as technology en identiteit wol wat fier socht en hie nei myn betinken gaadliker west foar in opinystik yn in tydskrift (mei in wiidweidigere ûnderbouwing). Miskien wolsto de side no nochris neilêze en sjen oft der ek noch wat dinkjes better (dúdliker) kinne. No hoopje ik fansels wol dat it sa better is ;-) Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] 30 okt 2011, 20.58 (CET)
:Dei Aldgillis, it stikje is der aardich fan opknapt. 'k Hie yndie hast alles oersetten fan nl: De list mei foar in Wikipedy needsaaklike ûnderwerpen wie destiids sá lang dat ik oan redaksjewurk net takomd bin. Ik wie al bliid dat dy list mei ûnderwerpen klear wie (Klear wie Kees..). Moai dat jo der no wat better nei sjoen hawwe. Groetnis, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 30 okt 2011, 21.28 (CET)

== Doëngastate ==
Bêste Kees. Op de oerlisside frege ik: ''lykas op in soad oare plakken om de eardere '''Middelsee''' ek bard is.'' - Soe it net hjir '''Lauwerssee''' wêze moatte (fansels jildt it ek foar de Middelsee)?
[[Meidogger:Drewes|Drewes]] 1 nov 2011, 18.29 (CET)
:Dei Drewes, ja, ik hie it wol lêzen, mar wit der eins neat oan by te dragen. It is wol sa dat in soad polders om de Middelsee troch de mûntsen droechlein binne. Oft se ek polders om de Lauwerssee oanlein hawwe soe ik net witte.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 1 nov 2011, 18.34 (CET)
::Kees. De muontsen fan Gerkeskleaster hawwe harren grif net dwaande hâlden mei ynpolderjen fan parten fan de Middelsee. Har kleaster lei ommers sawat oan de Lauwerssee, dêr't it wetter fan har stee geregeldwei bedriigje moatten hat. It soe my gjin nij dwaan at it besteansrjocht fan it Gerkeskleaster no krekt bestie út it oanwinnen fan lân (fean op klaai) op de útrinners fan de Lauwerssee. Faaks hie Leemburg in minne nacht hân doe't er syn stikje skreau. Gr. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 1 nov 2011, 19.06 (CET)
:::Jûn Drewes. No leau ik net dat de relaasje mei dyselde mûntsen bedoeld wurdt. Yn it stikje is mear sprake fan in algemiene fergeliking mei it polderwurk fan mûntsen yn it algemien. Dat ynpolderwurk is yn Fryslân benammen bekend troch de polders om de Middelsee hinne. Faaks moat it wat dúdliker omskreaun wurde yn it stikje.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 1 nov 2011, 19.14 (CET)

== Wikipedia article traffic statistics ==
Hoi Kees, sjoch hjir [http://stats.grok.se/fy/201110/Redbad], de moast lykwols yn de brouwser de namme fan it artikel feroarje. De Fryske taal stiet net yn it pop-upke. Gr. --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 1 nov 2011, 20.03 (CET)
:Danke Geoffrey, in nijsgjirrige side, en nea witten dat dy bestie. 'k Sil der earstdeis ris better nei sjen.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 1 nov 2011, 23.02 (CET)

== Fernijde haadside en in fernijd haadtema ==

Ik ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de [[Wikipedy:Oerlisside#Fernijde_haadside_en_in_fernijd_haadtema|oerlisside]]. Mei freonlike groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] 25 nov 2011, 14.10 (CET)

== Willem Barents ==

Hoi Kees, soesto de stavering hifke wolle fan [[Willem Barents]]? Ik haw it artikel fieder útwreide mei benammen ynfo fan :nl en soe der graach in side fan de wike fan meitsje. --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 27 nov 2011, 17.40 (CET)

== In kâld bierke foar dy! ==

[[Ofbyld:Flickr - cyclonebill - Ravnsborg Rød.jpg|thumb|center|500px|<center>Sa! Dy hasto wol fertsjinne nei al it bywurkjen en skiftsjen fan de [[Wikipedy:Listen]]!</center>]]

Mei freonlike groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] 28 nov 2011, 21.58 (CET)
:Ik slút my hjir folslein by oan. [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 29 nov 2011, 09.46 (CET)

== Mystyk ==

Jûn Kees, soesto de side [[Mystyk]] ek nochris hifkje wolle? Gr. --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 15 des 2011, 22.46 (CET)

== Konsept temasiden ==

Bêste Kees,

Ik ha efkes mei dyn konsept temasiden dwaande west. Ik ha myn krityk [[Oerlis:Tema:Haadtema|hjir]] delset. Miskien kinsto der sels efkes nei sjen en dan tegearre ien foar ien de temasiden ferbetterje? It is wol sa dat de temasiden bêst skoattele wurde kinne. De ûnderdielen dy't út en troch bewurke wurde moatte kin ik dan wol mei in apart berjocht nei de temaside ta keppelje. Dy berjocht skoattelje ik dan net en kinne fan elkenien bewurke wurde. Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] 30 des 2011, 16.48 (CET)

== Kategory: Frysk Reedrider ==

Goeiemiddei,

Wêrom ha jo de kategory Frysk Reedrider leeghelle?

Gr, [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 3 jan 2012, 13.54 (CET)
:Dei Wikiice, In reedrider is ien dy't op redens rydt en 'Frysk reedrider' bestiet neffens my net. Is it ien dy't yn [[Fryslân]] berne is? (mar as it berteplak net bekend is, wat dan..) Of is it ien dy't no yn Fryslân wennet? En wurdt dy Frysk rider-ôf as dejinge straks wer bûten Fryslân wennet? Of is it ien dy't [[Frysk]] praat? Of is it ien dy't yn de Fryske jeugdploech riden hat? Of ien dy't in Fryske namme hat? Is ien út de [[Stellingwerven]] in Frysk rider? In dúdlike grins is ferhipte min te lûken. Mar, en dat wie de haadreden: no't der hieltiten mear riders by Thialf trene en tydlik wenje om it Hearrenfean hinne ( in foarbyld is [[Margot Boer]], mar der binne wol mear) is it meitsjen fan ûnderskied hast net te dwaan. En as [[Jorrit Bergsma]] foar [[Kazachstan]] riden hawwe soe, is hy dan noch in [[Frysk]] Reedrider? Om gjin ûnderskied meitsje te hoegen ha'k se dêrom allegear "Reedrider" neamd en sitte se allegear yn ien [[Kategory]]. Mar as jo in goed ûnderskied meitsje kinne fyn ik it bêst, der moatte ommers net tefolle minsken oer de Kategoryen gean oars wurdt it in soadsje. [[iel]] jo frij,
Groetnis,
--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 3 jan 2012, 19.32 (CET)
::Ik gean altyd út fan berne yn Fryslân en dêr lûk ik de grins. Al meitsje ik wolris in útsûndering foar guodens dy't berne binne bûten Fryslân mar Fryske alden hawwe. Want oars soe de Nederlânske reedrider ek net bestean ensf... Gr, Wikiice..

Goeie Kees,

Kwa Carotta haw ik in ekstra byld der tusken nifele en om't ik tocht dat der oars tefolle plaatsjes yn steane, haw ik ien fuort litten. Ik haw no ^under de bylden in ^underskrift skreaun. Sjoch nochris nei de arguminten fan Adelheid op de diskusjeside. Neffens my is it POV, allegearre s^under boarnen en suggestyf en ad hominem. Ik soe ' twifel' fuortlitte, krekt as de Ingelske en Dútske Wp.

== Rjochtenútfierder ==

Hoi Kees,
Ik bin kwalik noch aktyf op WikipedY, mar bin noch al [Rjochtenútfierder] (burokraat op oare wiki's). Net dat ik dêr fan te lijen haw, mar ik liket my better as ien fan de wól aktive brûkers dat finkje efter de namme kriget. Faaks wolle jimme efkes oerlizze wa't dat wurde moat(te). Bauke
:Dei Bauke, jo kinne soks better efkes op de Oerlisside mei de oare behearders beprate.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 8 jan 2012, 22.52 (CET)

== De Nederlannen ==
Goeie,

Hjoed ha boartsjende bern oan it artikel [[De Nederlannen]] sitten, Ik haw it al probearre werom te draaien.
Soene jo efkes sjen kinne as dat goed gongen is?
Gr. [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 9 jan 2012, 17.16 (CET)
:'k Ha der niis efkes nei sjoen, it soe no goed wêze moatte.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 9 jan 2012, 17.29 (CET)

== In de krant ==

Beste Swarte Kees, aan Luxwoude ben ik helaas nog niet toegekomen. Ik wilde je hierbij echter wijzen op [http://www.online-familieberichten.nl/zoeken.asp?command=show&id=934887 dit overlijden]. Misschien goed om te verifiëren en dan [[Hindrik Gosses de Jong|zijn artikel hier]] aan te vullen?<br>
Met vriendelijke groet, [[Meidogger:Notum-sit|Notum-sit]] 9 jan 2012, 22.24 (CET)
:''Hendrik Gosses de Jong echtg. van Adeleid Janssen'' is [[Hindrik Gosses de Jong|Fyntyn]]. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 9 jan 2012, 23.38 (CET)
::It giet hjir yndie om Fyntyn, syn widdo hat it befêstige.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 10 jan 2012, 16.32 (CET)
:::Sjoch [[Wikipedy:Oerlisside#Ferstoarne_meidoggers]]. Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] 14 jan 2012, 01.05 (CET)

== List fan musea yn de provinsje Fryslân ==
Bêste SK,

Ik haw de namme fan de side ''List fan Fryske museu'' feroare yn ''List fan musea yn de provinsje Fryslân''. As it inkeld Fryske musea wêze soenen hie de list wol folle grutter west. Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] 15 jan 2012, 21.20 (CET)
:Jo ha gelyk, mar 'provinsje'kin der wol tuskenút, dus 'List fan musea yn Fryslân'. --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 15 jan 2012, 21.21 (CET)
::Soe de list folle langer west ha as it om 'Fryske musea' giet? As jo of oaren my noch oan oare musea yn Fryslân helpe kinne, hiel graach, want ik meinde dat ik se sa stadichoan sawat allegear hie.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 15 jan 2012, 21.33 (CET)
::'Fryslân' is in Europeeske regio dy't folle grutter is as ús provinsje. Ik bin dêrom fan betinken dat net ien dy namme samar ta-eigenje mei. Dat de provinsje dat wol docht is fan lyts belang, de wittenskip stiet ommers los fan politike besluten. Om betizing foar te kommen is it meitsjen fan in ûnderskie belangryk.
::De list soe neffens my in aardich stik langer wurde as alle Fryske musea derop komme soenen. Earst mar per gebiet (provinsje Fryslân, Noard-Fryslân ensafh.) en letter mar fierder sjen. Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] 15 jan 2012, 21.39 (CET)
:::Net om it ien oft oar, mar dan soenen de "List mei.... Heechste gebouwen/Joadske begraafplakken/fuotbalferienings/Gemeenteflaggen/Wetternammen", en sa noch wol in rychje, allegear it efterheaksel ...."yn de provinsje Fryslân" hawwe moatte..En dat net allinnich: elke kear as wy it oer in Fryske hurdrider hawwe soenen, soe dat in "hurdrider út de provinsje Fryslân" wurde moatte en wurdt in "Frysk akteur" dan in "akteur út de provinsje Fryslân"? Fan my mei it, mar it is net wurkber, --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 15 jan 2012, 23.00 (CET)

== Slach by Bomstersyl ==

Jûn Kees, asto der tiid oan hast, soesto dan de stavering fan dizze side eefkes hifkje wolle. Gr --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 25 jan 2012, 22.30 (CET)

== Moddergatske Buma's ==
Goeie Kees. Moddergatske rêdingsboaten wol ik wol wat oer skriuwe no't jo it op it aljemint bringe, mar net ear't ik dêr in plaatsje fan haw! Frysk Skipfeartmuseum hat in plaatsje wit ik en jo hawwe konneksjes mei dy lju. Moat foar alle kykjes apart tastimming frege wurde? Gr. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 27 jan 2012, 20.29 (CET)
:Ja foar elk plaatsje is tastimming nedich. Ik sil Meindert Seffinga wol efkes oanskriuwe. --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 27 jan 2012, 21.22 (CET)
::Earst mar tige tank. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] 27 jan 2012, 21.26 (CET)
:::It Skipfeartmuseum hat gjin printsjes fan de Moddergatske reddingsboat. Harren advys is om efkes kontakt op te nimmen mei de minsken fan Museum It Fiskershúske.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 30 jan 2012, 18.34 (CET)

== Grenoble ==
anonymously, but better version for this page : [[Grenoble]].

[[Wiki:Meidogger-bydragen/90.37.114.73|90.37.114.73]] 13 feb 2012, 22.42 (CET)
:Dat sizze jo wol, mar soks is in kwestje fan smaak. Wy binne hjir net wend dat guons der sûnder oerlis samar yn batse mei feroarings.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 13 feb 2012, 22.46 (CET)

== Frysk Kampioenskip Hurdfytsen ==

Sjocht der mar kreas út. [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 21 feb 2012, 14.13 (CET)

== Commons ==
Dei Kees, ter ynformaasje: op Commons hat immen in fraach oan my steld, wêr't jo faaks ek wol op reageare wolle (sjoch [[:Commons:User_talk:Wutsje#Swarte Kees|hjir]]). Groetenis, [[User:Wutsje|Wutsje]] 23 mrt 2012, 19.45 (CET)
: (in man in man, in wurd in wurd).

== Eemsmond ==
Goeie Kees,<br>
Wy skriuwe al [[Iemsmûn]]. Jo hawwe it allegeduerigen oer ''Eemsmond''. Dy earste doocht grif net. Ien fan beide: Iemsmûning of Eemsmond? Groetenis. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 30 mrt 2012, 18.06 (CEST)
:Wat net doocht, soe ferbettere wurde moatte. As in Fryske namme ynboargere is, lykas Dimter, soe de Fryske namme oanhâlden wurde moatte (mar dat is in persoanlike miening, Aliter sjocht dat bygelyks oars). As de Grinslanner namme Frysk oandocht nim ik dy Grinslanner namme wolris oer. Mar ien line lûke falt net ta op dit flak.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] ([[Meidogger oerlis:Swarte Kees|talk]]) 30 mrt 2012, 18.36 (CEST)
::Yn't generaal mei jo iens op dat mêd. Iemsmûn(ing) is grif by ús net wenst, de gemeente hat ommers benei gjin skiednis. Dat ik haw gjin muoite mei Eemsmond. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 30 mrt 2012, 18.47 (CEST)
== Alfred Rust ==
Goeie Kees, ik wie it stikje fergetten. Fraach: myn Dútsk is in soarte fan Bargedútsk, soene jo it oersetten dien meitsje wolle? Groetenis, [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 1 apr 2012, 15.33 (CEST)
:Myn Dúts wurdt troch de bargen net iens ferstien,--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] ([[Meidogger oerlis:Swarte Kees|talk]]) 1 apr 2012, 15.58 (CEST)

== Temasiden2 ==
Sjoch [http://fy.wikipedia.org/wiki/Meidogger_oerlis:Kening_Aldgilles Oerlis Aldgilles: hjirre].

== waard stiften of waard stifte ==
Jûn Kees, wat is no de goeie stavering: is it: "it doarp waard stifte'''n'''" of "it doarp waard stifte". --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] ([[Meidogger oerlis:Geoffrey|talk]]) 22 apr 2012, 21.28 (CEST)
:Ik soe sizze stifte, de ekstra -n liket my in Hollânsk ynslûpsel dat der by my ek gauris ynslûpt...--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] ([[Meidogger oerlis:Swarte Kees|talk]]) 22 apr 2012, 23.22 (CEST)
::Zantema seit '''stifte'''. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 23 apr 2012, 17.52 (CEST)

== Hagemann ==
Tige tank. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 2 maaie 2012, 19.58 (CEST)

== Noed ==
Kees '''wie''' fan 2007-2012 aktyf op dizze wikipedy? Dat soe my bot muoie. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 8 jun 2012, 15.56 (CEST)
:Spitich. --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] ([[Meidogger oerlis:Geoffrey|talk]]) 8 jun 2012, 17.09 (CEST)
::Foar de Fryske Wikipedia soe it tige spitich wêze. Wit immen hjir mear fan?[[Meidogger:Yn &#39;e Wâlden|Yn &#39;e Wâlden]] ([[Meidogger oerlis:Yn &#39;e Wâlden|talk]]) 12 jun 2012, 11.00 (CEST)
::: Dat soe yndied tige spitich wêze!!! [[Meidogger:MeinRei|MeinRei]] ([[Meidogger oerlis:MeinRei|talk]]) 12 jun 2012, 12.32 (CEST)
::::Wêrom net mear aktyf? Kom gau wer online, soe ik sizze! Dyn bydragen hawwe ús Wikipedy hiel bot holpen. Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] ([[Meidogger oerlis:Kening Aldgilles|talk]]) 13 jun 2012, 18.27 (CEST)
::::q.e.d.: ''in dikker fel foar de kop as in bolle foar de knibbels....''[[Wiki:Meidogger-bydragen/86.88.254.29|86.88.254.29]] 6 apr 2013, 13.40 (CEST)

Dizze flagge is makke yn opdracht fan de "Vriendenkring van Oosthem en Nijezijl" troch de Hr terluin ut beetsterszwaag, ik soe graach sjen dat dat troch jimme fermelden wurd, sa dat alles en eltsenien rjocht dyn wurd!

Groetnis Arie Hitzert, nammens de VHON

== Blindevink ==

Beste Kees.
:Allereerst excuses dat ik u in het barbaarse Nederlands benader. Mijn kennis van het Fries schiet helaas zwaar tekort en gaat niet veel verder dan woorden als (~fonetisch) klunen, fierlejeppen, ontsjen, jiskefet, tsjoch, heit en mem. Ik verbaas mezelf dat ik boven een handvol uitgekomen ben. Wordt blindevink in het Fries echt in navolging van de Angelsaksen los gespeld? Kan best. In [[:nl:Blindevink]] is dat ook lange tijd onterecht zo geweest.
Eetse {{smiley}} [[Meidogger:ZeaForUs|ZeaForUs]] ([[Meidogger oerlis:ZeaForUs|talk]]) 9 okt 2012, 19.19 (CEST)

Blinefink hie it wêze moatten Kees. ~Kin je fan tinken wol hawwe. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 9 okt 2012, 19.48 (CEST)

== Langernôch duorre ==
Bêste Kees,

As jo meiïnoar gearwurkje (moatte) giet soks fansels lang net altiten like goed. En somtiden bokt it slim. Mar oan hurde wurkers hat ús wikipedia no ienris altiten fierstente koart. As jo dit stikje lêze, dan soene jo nochris oerwaagje kinne en pak jo wurk hjir wer op.[[Meidogger:Yn &#39;e Wâlden|Yn &#39;e Wâlden]] ([[Meidogger oerlis:Yn &#39;e Wâlden|talk]]) 10 okt 2012, 11.18 (CEST)

:Ik slút my fan herte by de Wâldman oan! Groetnis [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 10 okt 2012, 17.11 (CEST)

== Verdronken land van Saeftinghe pagina ==

Beste Kees, helaas spreek ik geen Fries... Wel heb ik de Nederlandstalige website afgelopen half jaar sterk uitgebreid. Mocht je tijd en energie hebben om deze naar het Fries te vertalen zou ik dat erg leuk vinden:
http://nl.wikipedia.org/wiki/Verdronken_Land_van_Saeftinghe

B.v.d. met vriendelijke groet,
[[Meidogger:Saeftinghe kenner|Saeftinghe kenner]] ([[Meidogger oerlis:Saeftinghe kenner|talk]]) 5 mrt 2013, 11.09 (CET)

De ferzje fan 26 apr 2013 om 10.47