Brachmaan (ko): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Makecat-bot (oerlis | bydragen)
L r2.6.5) (Bot - derby: cs:Brahmanský skot
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 7 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q897314 (translate me)
Rigel 39: Rigel 39:


[[Kategory:Kowerassen]]
[[Kategory:Kowerassen]]

[[cs:Brahmanský skot]]
[[de:Brahman (Zebu)]]
[[en:Brahman (cattle)]]
[[es:Brahman (raza bovina)]]
[[fr:Brahmane (race bovine)]]
[[pt:Brahman (gado)]]
[[vi:Bò Brahman]]

De ferzje fan 25 apr 2013 om 22.41

Brahmanbolle yn Brazylje
Brahmankeallen

De Brahman of Brahma is in koweras behearend ta de Sebûkij (Bos primigenius indicus), dat letter út Yndia wei nei de rest fan de wrâld eksportearre waard. De wichtichste rassen dy't foar de fok fan dit ras brûkt waarden wiene Kankrej, Gujurat, Nelore of Ongole en it Gir of Gyrfee. It ras is tige oanpast oan it tropyske klimaat.

Skaaimerken

De Amerikaanske Brahman hat in opfallende grutte bult op skouder en nekke, in losse hûdflap ûnder de hals en lange flapearen. Bollen wage 800 oant 1,100 kg en de ko 500 oant 700 kg. Keallen wage by de berte 30 oant 33 kg. Amerikaanske Brahmans binne ferneamd as in guodlik, yntelligint fleiskoweras. Brahman's kinne grys as read wêze. De sturt hat swart en der sit swart oan de noas, earpunten en hoeven. Oer it generaal hat de Brahman hoarnen, mar der binne ek bloedlinen dy't gjin hoarnen krije.

Brahmans kinne in soad hjitte ferneare, omdat sy in protte switklieren en in fettige, glêdhierrige hûd hawwe, dy't har ek beskermet tsjin ynsekten. Sy binne teffens minder gefoelich foar oare parasiten en sykten. Brahmans binne in protte ynkrúst mei Europeeske kowerassen yn it subtropysk part fan de Feriene Steaten, yn Sintraal-Amearika en yn guon tropyske gebieten om dy rassen better hâlde te kinnen yn hjitte klimaten. Kowerassen dy't krúst binne mei Brahman, oantsjut as F-1 Brahmans, binne tige populêr yn it suden fan de FS en yn Súd-Amearika, Aazje en Austraalje fanwege it subtropysk klimaat dat dêr hearsket. In F-1 Brahman kin in krusing wêze tusken alle net besibbe soarten rassen, mar meast giet it om in krusing mei de Hereford en de Angus.

A Brahman hat in goed memmeynstinkt, beskermet de keallen en makket oerdiedich molke foar har keallen. Brahman keallen. Yn sommige lannen, fral yn Súd-Amearika, wurdt de Brahman foar sawol fleis- as molkeproduksje holden.

Fokkerij en tapassing

Amerikaanske Brahmans wiene it earste fleisras dat begjin 20e ieu yn de Feriene Steaten fokt waard; it resultaat fan krusen mei fjouwer ferskillende Yndiaaske kowerassen (Gyr, Gujarat, Nelore en Krishna Valley). De oarspronklike Amerikaansk Brahman feestapel is ûntstien út in kearn fan sa'n 266 bollen en 22 kij fan ferskate Bos indicus (fee út Yndia)-soarten dy't dêr tusken 1854 en 1926 ynfierd wienen.

De Brahman wurdt it meast brûkt foar de fokkerij en yn de fleisyndustry; it ras is faak krúst wurden meiJeropeeske fleiskowerassen. De Brahman is ien fan de meast populêre fleiskij en wurdt in protte mei dat doel hâlden yn lannen as Argentynje, Brazylje, Feriene Steaten, Kolombia en it noarden fan Austraalje. It ras waard fierders brûkt by de ûntjouwing fan tal fan oare Amerikaanske fleisrassen, sa as Brangus, Beefmaster, Simbrah en Santa Gertrudis.

Gallery

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Brahman (cattle)