Slikenboarch (plak): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2087461
Rigel 32: Rigel 32:


[[Kategory:Plak yn Weststellingwerf]]
[[Kategory:Plak yn Weststellingwerf]]

[[en:Slijkenburg]]
[[fr:Slijkenburg]]
[[nds-nl:Sliekenborg]]
[[nl:Slijkenburg]]

De ferzje fan 22 apr 2013 om 07.44

Slikenboarch (plak)
Himrik fan Slikenboarch (plak)
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2007) 39
Huzen 21
Koördinaten 52° 48' NB, 5° 50' EL
Netnûmer 0527
Postkoade 8489
Webstee {{{webstee}}}
Komboerd Slikenboarch

Slikenboarch is it lytste doarp yn de gemeente Weststellingwerf. It leit yn de súdwestpunt fan de gemeente, dêr't Tsjonger en Linde by elkoar komme. It is mei 37 ynwenners (1 jannewaris 2008, boarne: CBS) it lytste doarp yn de gemeente.

It doarp leit yn de Grutte Feanpolder op de grins fan Oerisel en Fryslân, ien hûs dat by Slikenboarch liket te hearren, falt ûnder Oerisel en dus De Kúnder. Yn de Midsieuwen lei hjir al in fear foar minsken dy't nei De Kúnder woenen. It fearjild waard betelle oan it kleaster. Dêr moat doe in fersterke pleats of boarch mei de namme Slikenboarch stien ha. It komdoarp is yn 1585 yn de himrik fan Spangea stifte as ferdigeningsskâns foar Fryslân oan de Linde. Yn it rampjier 1672 waard hjir in skâns boud, dy't it heule doarpke omsleat, as ferdigening fan de súdwestlike oanfierrûte fan Fryslân rjochting Ljouwert, tsjin de oprukkende troepen fan de Biskop fan Munster. De skâns soe yn 1702 sljochte wêze om de grûn te brûken foar de oanlis fan de nije Steatendyk tusken Skoattersyl en Slikenboarch. Dit om de hoeke dêr't Tsjonger en Linde by elkoar kome better te beskermjen tsjin it wetter. Op ien fan de, al ôfbrutsen, huzen fan Slikenboarch stie it jiertal 1587. Nei it sljochtsjen sille der dus grif al gau huzen setten wêze. De skâns is yn de atlas fan Schotanus út 1716 al net mear oanjûn.


Strjitten

Lindedyk, Slikenboarch.

Sjoch ek

Keppeling om utens