Pim Fortuyn: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
fw
L r2.7.1) (Bot - derby: fa:پیم فورتاین
Rigel 18: Rigel 18:
[[en:Pim Fortuyn]]
[[en:Pim Fortuyn]]
[[es:Pim Fortuyn]]
[[es:Pim Fortuyn]]
[[fa:پیم فورتاین]]
[[fi:Pim Fortuyn]]
[[fi:Pim Fortuyn]]
[[fr:Pim Fortuyn]]
[[fr:Pim Fortuyn]]

De ferzje fan 22 feb 2012 om 23.08

Fortuyn (1991)

Wilhelmus Simon Petrus (Pim) Fortuyn (offisjeel Fortuijn[1]) (Driehuis, 19 febrewaris 1948Hilfertsom, 6 maaie 2002) wie in Nederlânske politikus, sosjolooch, auteur en kollumnist.

Fortuyn promovearre yn de sosjale wittenskippen en wie fan 1990 - 1995 bysûnder heechlearaar oan de Erasmus Universiteit te Rotterdam. Fortuyn wie aktyf lid fan de PvdA oant 1989 en wie letterr VVD-lid, mar waard bekend as listlûker fan earst Leefbaar Nederland en dêrnei syn Lijst Pim Fortuyn yn de oanrin nei de Twadde Keamerferkiezingen 2002. De kontroversjele Fortuyn waard yn maaie 2002 fermoarde op it Media Park te Hilfertsom, njoggen dagen foar in foarspelde grutte sege fan de LPF by de ferkiezingen.

Syn fyzje op de islam en op it frjemdlingenbelied, mar boppe-al syn politike manier fan dwaan, foarmen foar politike tsjinstanners de oanlieding him te bestimpeljen as in populistysk politikus. De iepenlik homoseksuele Fortuyn hie in flamboyante persoanlikheid en foel benammen op troch syn opmerklike útspraken en ûnkonvinsjolnele wize fan debattearen. Mei troch de tema's dy't hy oansnied, wist hy sa it politike toaniel in heal jier lang te dominearen. Nei syn dea is syn politieke erfenis op ferskate plakken yn polityk en mienskip oernomd en sichtber wurden. Der wurdt yn dit ferbân wol sprutsen fan de Fortuyn-revolte en fan it Fortuynisme.[2]


  1. Hans Wansink: De erfenis van Fortuyn. De Nederlandse democratie na de opstand van de kiezers, Amsterdam, Meulenhoff, 2004. Fortuyn brûkte letter de stavering Fortuyn omdat y dy sjiker fûn hawwe soe.
  2. "Fortuyn-revolte: terugblik na vijf jaar", door Wim Couwenberg, 6 maaie 2007, civismundi.nl.