Sjoerd van der Schaaf: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 11: Rigel 11:


[[Kategory:Frysk skriuwer]]
[[Kategory:Frysk skriuwer]]
[[Kategory:De Gordyk]]


[[nl:Sjoerd van der Schaaf]]
[[nl:Sjoerd van der Schaaf]]

De ferzje fan 20 apr 2009 om 17.48

Sjoerd van der Schaaf (De Gordyk, 1 april 1906 - Oentsjerk, 8 juny 2006) wie in Fryske sjoernalist, dichter en skriuwer.

Libben en wurk

Van der Schaaf syn sjoernalistike wurkpaad begûn by it Friesch Dagblad. Lykwols brocht hy it grutste part fan syn wurksum libben troch yn Hollân. Hy skreau foar it Het Volk en it fersetsblêd Je Maintiendrai.

Nei de befrijing waard Van der Schaaf haadredakteur fan de Heerenveense Koerier, dy't letter de Friese Koerier hjitte soe. Syn adjunkt en opfolger dêr wie Fedde Schurer. Yn 1951 gie Sjoerd van der Schaaf út Fryslân fuort om by de Utertse edysje fan Het Parool te wurkjen. Hy wie dêrnei jierrenlang polityk kommentator fan it Parool oant en mei syn pinsjonearring.

Nei syn pinsjonearring kearde Van der Schaaf werom nei Fryslân en fêstige him yn Oentsjerk. Dêr skreau hy romans, ferhalen en gedichten yn de Fryske taal. Yn opdracht fan de Fryske Akademy skreau hy in histoarysk oersjoch fan de Fryske beweging, in streaming dy't opkaam foar de erkenning fan de Fryske kultuer. Mei dizze Skiednis fan de Fryske beweging wûn hy yn 1978 de Piter Jellespriis. Yn 1983 wûn hy foar syn roman De bijekening de Gysbert Japicxpriis.

Sjoerd van der Schaaf ferstoar op hûndertjierrige leeftyd.