Substraattaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
 
Aliter (oerlis | bydragen)
Folgoarder.
Rigel 1: Rigel 1:
In '''substraattaal''' is in taal dy't yn in beskate krite belies jûn hat foar in oare taal, de [[superstraattaal]]. Sjoch ek [[adstraattaal]].
In '''substraattaal''' is in taal dy't yn in beskate krite belies jûn hat foar in oare taal, de [[superstraattaal]].


== Foarbylden ==
== Taalferoaring ==
By in [[taalferoaring]] wurdt in taal yn in beskate krite ferfongen troch in nije taal. De ferfongen taal is dan de substraattaal fan de nije taal. As bûten dy krite noch in foarm fan dyselde taal praat wurdt, dan is dat in [[adstraattaal]] fan de nije taal. Oarsom is de nije taal fan de krite de [[superstraattaal]] fan de âlde taal.

Om't it ferfangen meast net folslein is, binne in in superstraattaal faak resten fan de substraattaal werom te finen. Dizze resten, dy't ôfwike fan de normale regels fan de taal, kinne gewoane wurden wêze mar ek nammen, lykas âlde [[plaknammen]] of tradisjonele [[persoansnammen]].

== Foarbylden ==
Foar de [[Angelsaksysk]]e ynvaasje waard yn [[Ingelân]] [[Keltysk]] praat. It [[Ingelsk]] hat dêr dus in Keltysk substraat.
Foar de [[Angelsaksysk]]e ynvaasje waard yn [[Ingelân]] [[Keltysk]] praat. It [[Ingelsk]] hat dêr dus in Keltysk substraat.
Foar 't de [[Germanen]] troch de [[Limes]] brieken, waard yn Súd-Dútslân nei alle gedachten in [[Romaansk]]e taal praat. It [[Dútsk]] hat dêr dan in Romaansk substraat.
Foar 't de [[Germanen]] troch de [[Limes]] brieken, waard yn Súd-Dútslân nei alle gedachten in [[Romaansk]]e taal praat. It [[Dútsk]] hat dêr dan in Romaansk substraat.


== Resten ==
== Protofrysk ==
Oer de substraattaal fan it [[Frysk]], ek wol [[Protofrysk]] neamd, is noch net folle bekend. Dat sil komme moatte fan rekonstruksje út resten. Dêrby wurdt yn earste plak sjoen nei wurdfoarmen dy't net oan'e [[Germaansk]]e lûdferskowing meidien hawwe.<br>
Ek fan it Frysk wurdt oannaam dat der in substraattaal west hat by de folken dy't Frysk prate of praat hawwe. Oer dizze substraattaal fan it [[Frysk]], oantsjut as it [[Protofrysk]], is noch net folle bekend. Dat sil komme moatte fan rekonstruksje út resten.

Sa is de [[Yndogermaansk]]e ''p'' oan it wurdbegjin yn alle Germaanske talen ta ''f'' wurden (Latynsk ''pellis'' wurdt ta Frysk ''fel''). As der yn it Frysk wurden foarkomme mei ''p'' oan it wurdbegjin dy't net fan lettere [[ûntliening]] of fan [[lûdneibauwen]] ôfkomstich binne, dan sil it dus om '''substraatwurden''' gean.<br>
By dizze rekonstruksje wurdt yn earste plak sjoen nei wurdfoarmen dy't net oan'e [[Germaansk]]e lûdferskowing meidien hawwe. Sa is de [[Yndogermaansk]]e ''p'' oan it wurdbegjin yn alle Germaanske talen ta ''f'' wurden (Latynsk ''pellis'' wurdt ta Frysk ''fel''). As der yn it Frysk wurden foarkomme mei ''p'' oan it wurdbegjin dy't net fan lettere [[ûntliening]] of fan [[lûdneibauwen]] ôfkomstich binne, dan sil it dus om '''substraatwurden''' gean. Mûglike foarbylden binne: ''paad'' en ''poel''.
Mûglike foarbylden binne: ''paad'' en ''poel''.<br>

Boppedat kin de substraattaal noch sitte yn âlde [[plaknammen]] (b.g. ''Peazens'') of yn tradisjonele [[persoansnammen]]. Oft by de [[taalferoaring]] ek tocht wurde moat oan in feroaring fan befolking is ûnwis.
In mooglik foarbyld fan in âlde plaknamme koe ''[[Peazens]]'' wêze.

[[de:Substrat (Linguistik)]]
[[en:Substratum]]
[[fr:Substrat]]
[[nl:Substraattaal]]

De ferzje fan 12 jun 2005 om 23.49

In substraattaal is in taal dy't yn in beskate krite belies jûn hat foar in oare taal, de superstraattaal.

Taalferoaring

By in taalferoaring wurdt in taal yn in beskate krite ferfongen troch in nije taal. De ferfongen taal is dan de substraattaal fan de nije taal. As bûten dy krite noch in foarm fan dyselde taal praat wurdt, dan is dat in adstraattaal fan de nije taal. Oarsom is de nije taal fan de krite de superstraattaal fan de âlde taal.

Om't it ferfangen meast net folslein is, binne in in superstraattaal faak resten fan de substraattaal werom te finen. Dizze resten, dy't ôfwike fan de normale regels fan de taal, kinne gewoane wurden wêze mar ek nammen, lykas âlde plaknammen of tradisjonele persoansnammen.

Foarbylden

Foar de Angelsaksyske ynvaasje waard yn Ingelân Keltysk praat. It Ingelsk hat dêr dus in Keltysk substraat. Foar 't de Germanen troch de Limes brieken, waard yn Súd-Dútslân nei alle gedachten in Romaanske taal praat. It Dútsk hat dêr dan in Romaansk substraat.

Protofrysk

Ek fan it Frysk wurdt oannaam dat der in substraattaal west hat by de folken dy't Frysk prate of praat hawwe. Oer dizze substraattaal fan it Frysk, oantsjut as it Protofrysk, is noch net folle bekend. Dat sil komme moatte fan rekonstruksje út resten.

By dizze rekonstruksje wurdt yn earste plak sjoen nei wurdfoarmen dy't net oan'e Germaanske lûdferskowing meidien hawwe. Sa is de Yndogermaanske p oan it wurdbegjin yn alle Germaanske talen ta f wurden (Latynsk pellis wurdt ta Frysk fel). As der yn it Frysk wurden foarkomme mei p oan it wurdbegjin dy't net fan lettere ûntliening of fan lûdneibauwen ôfkomstich binne, dan sil it dus om substraatwurden gean. Mûglike foarbylden binne: paad en poel.

In mooglik foarbyld fan in âlde plaknamme koe Peazens wêze.