Oerlis:Substraattaal
Begûn troch Pyt 15.12, 12 jun 2005 (UTC)
Subsubstraattaal?
[boarne bewurkje]Eart de Romeinen it lân fan Ryn en Donau bemasteren wie it Keltysk. Ik nim oan dat it doe sa wie dat it Keltysk de substraattaal wie en it Ryn-Donau-Romaansk de superstraattaal. Kin dan sein wurde dat it Keltysk dêr de subsubstraattaal is fan it Dútsk? Aliter 21.09, 12 jun 2005 (UTC)
- De útdrukking "substraattaal" is grif útfûn doe't men tocht dat dat de "earste" taal wie yn dat gebied. It liket der lykwols op dat dêr ek wer lagen ûnder sitte. De útdrukking "substraat" (ûnderlaach) is dêrom yn prinsipe ferkeard, mar is tige gebrûklik foar de taalfoarm dy't yn in beskate ferhanneling as de oarspronlike beskôge wurdt. Subsubstraat kin fansels as gelegenheidsfoarm, mar ik bin it nea tsjinkommen.Pyt 17.10, 13 jun 2005 (UTC)
"Subsubstraat" wie fral om't sa dúdlik wie dat dy Romaanske taal net oarspronklik west hie. Dat dy termen eigentlik net korrekt binne koenen wy op de siden opnimme. Mar as dit de termen binne dy't brûkt wurde, dan sille ús siden sa hjitte moatte. (Spitich; mei "foartaal" en "neitaal" koe "ear-", "oer-" ensfh, brûkt wurde.) Aliter 19.49, 13 jun 2005 (UTC)
Taalferoaring
[boarne bewurkje]Ik seach dat der al in keppeling makke wie mei in side oer de taalferoaring, dat ik haw in pear saken weilitten dêr't ik fan oannim dat dy dêr komme. Ik bin der noch net wis fan oft dizze side oer substraattaal faaks like koart moat as superstraattaal en adstraattaal, mei it grutste part op de side oer taalferoaring. Aliter 21.56, 12 jun 2005 (UTC)
- Taalferoaring bart net allinne troch taalwiksel, mar noch mear troch stadige feroaring. Sa'n artikel wurdt dêrom al frij swier en ik soe it dêrom net al yn it foar ek noch mei dy taallagen belêstigje wolle. Substraattaal wurdt fierwei it measte brûkt en dêrom haw ik dêr de 'grûntekst' op oanbrocht.Pyt 17.10, 13 jun 2005 (UTC)
As der dan in wurd foar is, soe it dan in idee wêze en skriuw it as in side Taalwiksel? Aliter 19.49, 13 jun 2005 (UTC)
- Praktysk liket my om dêrmei te wachtsjen op wat in artikel "taalferoaring" opsmyt. In ensyklopedy hoecht ek gjin wurdboek te wêzen, liket my. Pyt 18.29, 14 jun 2005 (UTC)
Substraat
[boarne bewurkje]By it foarbyld oer Súd-Dútslân wurdt praat fan "substraat". Is dat in oar wurd foar "substraattaal", of foar de taalrest? Aliter 21.56, 12 jun 2005 (UTC)
- 'Substraat' is in oar wurd foar 'substraattaal' en ik sil in ferwizing meitsje. Mar 'substraat' wurdt ek brûkt yn 'e healgeliedertechnyk en dêrom woe ik dat artikel net fierder mei taal belêstigje.Pyt 17.10, 13 jun 2005 (UTC)
Binne jo fluch mei it betinken hoe't in Wikipedy opboud wurde moat! Ja, dy soarten fan siden binne ek al optocht. Substraat is no in útelkoarhâldside, adstraat en superstraat binne no trochferwizings. Yn stee fan keppelings ha ik no by de lange termen ek opnaam dat der koartere termen binne, om't minksen dy't de koarte term brûke no ek dêr útkomme. Aliter 18.34, 13 jun 2005 (UTC)