Aristokrasy: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw it wat yn ferbân brocht mei steatsfoarm, en de parten oer oligargy, plutokrasy en demokrasy wat apart setten.
Rigel 1: Rigel 1:
'''Aristokraty''' ('''[[Gryksk]]:'''ἀριστεύς ("beste") + κρατεῖ ("hearskjen")) is in [[regearingsfoarm]] dêr't de hearskippij yn hannen is fan in lytse groep, de saneamde '''aristokraten'''. De Grykske oarsprong fan it wurd suggerearret de betsjutting: ''regearre troch de besten''.
'''Aristokrasy''' (''[[Gryksk]]: ἀριστεύς ("beste") + κρατεῖ ("hearskjen")'') is in [[steatsynrjochting]] dêr't it liederskip by yn hannen is fan dejingen dy't achte wurde dêr it meast geskikt foar te wêzen, de ''aristokraten''. De Grykske oarsprong fan it wurd suggerearret de betsjutting: ''regearre troch de besten''. Faak is der mar in lytse groep fan aristokraten, wêrtroch de steatynrjochting dan ek in [[oligargy]] is. It kin ek sa wêze dat aristokraten net wier de bêsten binne, mar allinnich de ryksten; yn dat gefal is de aristokrasy ek in [[plutokrasy]].


== Aristokrasy yn de skiednis ==
== Yn de skiednis ==
Aristokrasy giet faak tegearre mei in [[monargy]]. In de histoarje hawwe de [[eallju]] en de geastlikien meastentiids de rol fan aristokraten op har nommen. Yn it begjin fan de parlemintêre [[demokrasy]], yn de [[19e ieu]], koenen allinnich manlju dy't mear as in bepaald bedrach oan belesting betellen har stim útbringe. Sadwaande makke de ynfiering fan de demokrasy net ynienen in ein oan de aristokrasy, dat soe pas letter barren. Nettsjinsteande it feit dat yn distiid it meastepart fan alle lannen demokratysk wurden is, binne op 'e wrâld noch hieltyd lannen dêr't rike minsken (fan net aadlike komôf) de aristokratyske rol fan de eallju út eardere tiden oernommen hawwe.
Aristokrasy giet faak tegearre mei in [[monargy]]. In de histoarje hawwe de [[eallju]] en de geastliken meastentiids de rol fan aristokraten op har nommen.

=== Demokrasy ===
[[Demokrasy]]en hawwe ek hast altiten beheind west ta in lytsere as gruttere groep minksen dy't kiesrjocht hawwe. Dat jildt ek foar de parlemintêre demokrasy. By de earste parlemintêre demokrasyen mochten allinnich manlju dy't mear as in bepaald bedrach oan belesting betellen har stim útbringe en keazen wurde; hjoeddedei meie almeast allinnich folkwoeksenen stimme, en allinnich at ja by harren folle ferstân binne. Sadwaande binne demokrasyen ornaris ek foarmen fan aristokrasy, mar mei sa'n grutte groep fan ''geskikten'' dat it oer it algemien net mear as in beheining sjoen wurdt. Al is it sa dat idealiter yn in betrieme demokrasy dy persoanen it drekte liederskip hawwe dy't dêr it meast geskikt foar binne.

== Hjoed de dei ==
Nettsjinsteande it feit dat yn distiid it meastepart fan alle lannen demokratysk wurden is, komme yn de measte lannen de regearders hieltiid noch út in beheind fermidden. Yn guon lannen hawwe rike minsken fan net-aadlik komôf de aristokratyske rol fan de eallju út eardere tiden oernommen. Yn oare lannen is kampanjefieren sa djoer dat it allinnich troch de riken dien wurde kin. Dizze demokrasyen binne dan plutokrasy-eftich. Yn lannen dêr't dit net sa is, giet parlemintêre demokrasy faak gear mei in boppelaach yn 'e befolking dêr't de measte fertsjinwurdigers út fuortkomme.




Rigel 35: Rigel 41:
[[lv:Aristokrātija]]
[[lv:Aristokrātija]]
[[mk:Аристократија]]
[[mk:Аристократија]]
[[nl:Aristocratie]]
[[nn:Aristokrati]]
[[nn:Aristokrati]]
[[no:Aristokrati]]
[[no:Aristokrati]]

De ferzje fan 28 nov 2008 om 13.53

Aristokrasy (Gryksk: ἀριστεύς ("beste") + κρατεῖ ("hearskjen")) is in steatsynrjochting dêr't it liederskip by yn hannen is fan dejingen dy't achte wurde dêr it meast geskikt foar te wêzen, de aristokraten. De Grykske oarsprong fan it wurd suggerearret de betsjutting: regearre troch de besten. Faak is der mar in lytse groep fan aristokraten, wêrtroch de steatynrjochting dan ek in oligargy is. It kin ek sa wêze dat aristokraten net wier de bêsten binne, mar allinnich de ryksten; yn dat gefal is de aristokrasy ek in plutokrasy.

Yn de skiednis

Aristokrasy giet faak tegearre mei in monargy. In de histoarje hawwe de eallju en de geastliken meastentiids de rol fan aristokraten op har nommen.

Demokrasy

Demokrasyen hawwe ek hast altiten beheind west ta in lytsere as gruttere groep minksen dy't kiesrjocht hawwe. Dat jildt ek foar de parlemintêre demokrasy. By de earste parlemintêre demokrasyen mochten allinnich manlju dy't mear as in bepaald bedrach oan belesting betellen har stim útbringe en keazen wurde; hjoeddedei meie almeast allinnich folkwoeksenen stimme, en allinnich at ja by harren folle ferstân binne. Sadwaande binne demokrasyen ornaris ek foarmen fan aristokrasy, mar mei sa'n grutte groep fan geskikten dat it oer it algemien net mear as in beheining sjoen wurdt. Al is it sa dat idealiter yn in betrieme demokrasy dy persoanen it drekte liederskip hawwe dy't dêr it meast geskikt foar binne.

Hjoed de dei

Nettsjinsteande it feit dat yn distiid it meastepart fan alle lannen demokratysk wurden is, komme yn de measte lannen de regearders hieltiid noch út in beheind fermidden. Yn guon lannen hawwe rike minsken fan net-aadlik komôf de aristokratyske rol fan de eallju út eardere tiden oernommen. Yn oare lannen is kampanjefieren sa djoer dat it allinnich troch de riken dien wurde kin. Dizze demokrasyen binne dan plutokrasy-eftich. Yn lannen dêr't dit net sa is, giet parlemintêre demokrasy faak gear mei in boppelaach yn 'e befolking dêr't de measte fertsjinwurdigers út fuortkomme.