12.468
bewurkings
(Ferwiist troch nei Wynmotors yn Fryslân) |
(Utlis) |
||
[[Ofbyld:Windmotor Herkules De Veenhoop 09c.JPG|thumb|[[Wynmotor De Feanhoop]], merk Herkules, mei 30 blêden.]]
#REDIRECT[[Wynmotors yn Fryslân]]▼
[[Ofbyld:Windmotor Sint-Nicolaasga 16.JPG|thumb|[[Wynmotor Sint Nyk]], merk Record, mei 18 blêden.]]
[[Ofbyld:Windmotor Ysbrechtum 15.JPG|thumb|[[Wynmotor Ysbrechtum]], mei 12 blêden.]]
In '''wynmotor''' is in rompleze [[wynmûne]] fan metaal, ornaris mei in folslein [[wynrêd]]. Oars as by de measte [[wjûkmûne]]n, hat in wynmotor ien as twa [[wynwizer]]s, dy't de wynmotor sûnder help fan in mûnder rjochtsje nei de wyn. Der wurdt ek wol ''Amerikaanske wynmotor'' sein, as tsjinstelling mei it Jeropeeske model fan de wjukmûne.
==Skiednis==
Yn de tweintiger jierren fan de 20e ieu waard de Amerikaanse wynmotor ynsetten foar de polderbemealling. Dit hie ta gefolch dat der hast gjin tradysjonele wynmolens mear boud waarden en de besteande moles yn ferfal rekken.
Nei sirka 1930 kaam it [[elektryske gemaal]] en kaam der in ein oan it tiidrek fan wynbemealling. Fan de inkele hûnderten wynmotors dy't boud binne, binne no minder as fyftich oer. Dizze binne meastentiids yn fiergeande steat fan ferfal. Soms misse sels de blêden. Mar in pear binne noch bedriuwsklear. Yn neifolging fan de tradysjonele moles wurde de wynmotors ek restaurearre. In lyts tal moles is, neidat se restaurearre en bedriuwsklear makke binne, fersetten nei in gebiet dêr't se wer ynsetten wurde kinne, lykas de [[Wearribben]].
== Bou ==
In wynmotor hat, lykas in [[greidemooltsje]], in wynwizer dy't de mûn op 'e wyn hâldt. De wynmotor hoecht dus net troch in mûnder yn de wyn draaid te wurden.
In wynmotor had blêden yn stee fan wjukken.
De grutste wynmotors hawwe tweintich oant tritich blêden, in betonnen ûnderbou, it platfoarm en is meastentiids fan it merk Herkules (type Metallicus). De middelgrutte wynmotors hawwe tsien oant tweintich blêden. Se binne fakentiden útfierd mei in platfoarm en binne meast fan it merk Record. It lytste type hat fjouwer losse blêden. In soad fan dizze lytse en middelgrutte wynmolens waarden makke troch it wynmotorfabryk Bruorren Bakker yn [[Drylts]].
In neidiel fan blêden is dat it opperflak net fermindere wurde kin by hurde wyn. Dêrom hat in wynmotor ornaris in twadde wynwizer, dy't at de wyn te hurd wurdt de blêden út de wyn draaie moat. Mûglik funksjonearre dit goed ûnder de Amerikaanske omstannichheden dêr't de wynmotor foar ûntwikkele wie, mar yn Nederlân hienen wynmotors dochs noch wolris stoarmskea.
== Sjoch ek ==
[[nl:Windmotor]]
|
bewurkings