Beetstersweach: ferskil tusken ferzjes
→Berne in Beetstersweach: fan nl: |
L Bot - derby: en:Beetsterzwaag (village) |
||
Rigel 64: | Rigel 64: | ||
[[Kategory:Opsterlân]] |
[[Kategory:Opsterlân]] |
||
[[en:Beetsterzwaag (village)]] |
|||
[[nds-nl:Beetsterzwaog]] |
[[nds-nl:Beetsterzwaog]] |
||
[[nl:Beetsterzwaag]] |
[[nl:Beetsterzwaag]] |
De ferzje fan 23 aug 2008 om 02.31
Beetstersweach | |
---|---|
gemeente | Opsterlân |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | {{{stimmen}}} |
Ynwenners (2006) | 3.747 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 53° 3' NB, 6° 4' EL |
Netnûmer | 0512 |
Postkoade | 9244 |
Webstee | webstee Beetstersweach |
Beetstersweach is it haadplak fan de gemeente Opsterlân. It doarp leit súd fan Drachten. Beetstersweach hat likernôch 3.747 ynwenners (2006). Der binne in iepenbiere skoalle (De Trime) en in kristlike basisskoalle (De Paedwizer). Skoalle Lyndensteyn is in mytyl- en tyltylskoalle foar spesjaal en fuortset ûnderwiis.
Skiednis
Beetstersweach wie eartiids in foarnaam doarp troch de adel dy't it oansjen fan it doarp bepaalde. No noch hat it doarp dit karakter, mids de bosken en heidefjilden en mei in buorren mei in soad histoaryske huzen en moai oanleine tunen. De buorren binne minstens trije-en-in-heale ieu âld en de histoaryske pannen binne stille tsjûgen fan de rike adel yn de 18e en 19e ieu. De foarfaar fan dy famyljes is Teije Eabels dy’t yn de earste helte fan de 16e ieu yn Duerswâld wenne. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit grytman.
Yn de earste wike fan 2007 kaam it doarp ynienen prominint yn it nijs trochdat der formaasje besprekkingen foar it nije kabinet hâlden binne tusken CDA, PvdA en de ChristenUnie. Jan Peter Balkenende, Wouter Bos en André Rouvoet oerleinen dêr efter tichte doarren op lângoed Lauswolt ûnder lieding fan ynformateur Wijffels.
Gebouwen
Beetstersweach kenmerket him benammen troch de moaie bosken. Ien fan de bekendste gebouwen is Lyndensteyn. Dit simmerferbliuw út 1821 fan de famylje Van Lynden is lettter troch de famylje ûnderbrocht yn de Corneliastifting. Dizze stifting, neamd nei de jong ferstoarne Cornelia fan Lynden, moast in gratis sikehûs foar Fryske bern yn stân hâlde. No wurdt it âlde hearehûs brûkt as revalidaasjesintrum. Oare histoaryske gebouwen yn de haadstrjitte binne:
- Bordena (1858)
- Lycklamahûs (1824)
- Fockensstate (1879)
- Kantongerjocht (1811)
- Harinxmastate
In pear hûndert meter út de beboude kom leit, tsjin de bosk oan, it lângoed Lauswolt dat no in hotel is, wêr't yn jannewaris 2007 de 'geheime' besprekkingen hâlden waarden foar de kabinetsformaasje. Yn Lauswolt sit it ferneamde restaurant 'De Heeren Van Harinxma'.
Berne in Beetstersweach
- Fockema Andreae, Sybrandus Johannes (1844-1968) - skriuwer
- Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten (22 oktober 1870), politikus († 1954)
- Albertus van Harinxma thoe Slooten (4 maaie 1872), jurist († 1940)
- Tiny Mulder (2 april 1921), fersetsfrou, sjoernaliste en dichteres
- Hilbert van der Duim (4 augustus 1957), reedrider
Wenjend yn Beetstersweach
- Rutger Hauer - akteur
- Loek Hermans - foarsitter MKB
- Wopke de Vegt - reedriderstrener
- Joop Wittermans - akteur, toanielspiler
Ferieningen
- Frisia - gymnastyk
- VV De Sweach - voetbal
Befolking:
Strjitten
Alle strjitten yn Beetstersweach.