Michaël Zeeman: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3: Rigel 3:
'''Michaël Zeeman''' ([[Marken (eilân)|Marken]], [[12 septimber]] [[1958]] - [[Rotterdam]], [[27 july]] [[2009]]), wie in [[Nederlân]]sk [[dichter]], [[skriuwer]] en [[literatuerkritikus|literatuerresinsint]]. Fan 1995 ôf wie er ek presintator fan it [[VPRO]]-tillefyzjeprogramma "Zeeman met boeken".
'''Michaël Zeeman''' ([[Marken (eilân)|Marken]], [[12 septimber]] [[1958]] - [[Rotterdam]], [[27 july]] [[2009]]), wie in [[Nederlân]]sk [[dichter]], [[skriuwer]] en [[literatuerkritikus|literatuerresinsint]]. Fan 1995 ôf wie er ek presintator fan it [[VPRO]]-tillefyzjeprogramma "Zeeman met boeken".


Zeeman wie in soan fan in grifformearde dûmny op it eilân [[Marken (eilân)|Marken]]. De hûshâlding ferhuze nei Fryslân doe't heit Zeeman predikant waard yn [[Burdaard]]. Letter waard er dûmny yn [[Ljussens]]. Zeeman gie doe nei de ''Christelijke Scholengemeenschap "Oostergo"'' yn [[Dokkum]]. Dêrnei studearre er inkelde jierren [[filosofy]] yn [[Universiteit Utert|Utert]] en yn [[Ryksuniversiteit Grins|Grins]]. Mei 15 jier hie er al in baantsje ([[1974]]) by boekhannel [[De Tille (boekhannel)|'De Tille']] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn de tachtiger jierren skreau er [[poezij]][[resinsje]]s foar de [[Ljouwerter Krante]] en letter ek foar [[NRC Handelsblad]].
Zeeman wie in soan fan in grifformearde dûmny op it eilân [[Marken (eilân)|Marken]]. De hûshâlding ferhuze nei Fryslân doe't heit Zeeman predikant waard yn [[Burdaard]]. Letter waard er dûmny yn [[Ljussens]]. Zeeman gie doe nei de ''Christelijke Scholengemeenschap "Oostergo"'' yn [[Dokkum]], dêrt er op it Atheneum siet. Dêrnei studearre er inkelde jierren [[filosofy]] yn [[Universiteit Utert|Utert]] en yn [[Ryksuniversiteit Grins|Grins]]. Mei 15 jier hie er al in baantsje ([[1974]]) by boekhannel [[De Tille (boekhannel)|'De Tille']] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn de tachtiger jierren skreau er [[poezij]][[resinsje]]s foar de [[Ljouwerter Krante]] en letter ek foar [[NRC Handelsblad]].


Zeeman krige yn 1991 de [[C. Buddingh-priis]] foar it bêste poëzijdebút foar de bondel ''Beeldenstorm''.
Zeeman krige yn 1991 de [[C. Buddingh-priis]] foar it bêste poëzijdebút foar de bondel ''Beeldenstorm''.

De ferzje fan 2 des 2021 om 21.54

Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Michaël Zeeman op it terras fan it museum foar moderne keunst yn Rome

Michaël Zeeman (Marken, 12 septimber 1958 - Rotterdam, 27 july 2009), wie in Nederlânsk dichter, skriuwer en literatuerresinsint. Fan 1995 ôf wie er ek presintator fan it VPRO-tillefyzjeprogramma "Zeeman met boeken".

Zeeman wie in soan fan in grifformearde dûmny op it eilân Marken. De hûshâlding ferhuze nei Fryslân doe't heit Zeeman predikant waard yn Burdaard. Letter waard er dûmny yn Ljussens. Zeeman gie doe nei de Christelijke Scholengemeenschap "Oostergo" yn Dokkum, dêrt er op it Atheneum siet. Dêrnei studearre er inkelde jierren filosofy yn Utert en yn Grins. Mei 15 jier hie er al in baantsje (1974) by boekhannel 'De Tille' yn Ljouwert. Yn de tachtiger jierren skreau er poezijresinsjes foar de Ljouwerter Krante en letter ek foar NRC Handelsblad.

Zeeman krige yn 1991 de C. Buddingh-priis foar it bêste poëzijdebút foar de bondel Beeldenstorm.

Michaël Zeeman stoar yn de âldens fan mar 50 jier oan harsenstumor.[1] Hy waard beïerdige op it Algemien Begraafplak Crooswijk yn Rotterdam.

By it opromjen fan syn appartemint yn Rome die bliken dat er sa'n 40.000 boeken samle hie: dy bibleteek waard yn 2010 feild yn Leien.

Publikaasjes

  • Gezegend elk geschrift waarvan ik meen dat het haar roemt (1986)
  • Beeldenstorm (1991)
  • Verhoudingen, gedichten (1995)
  • De verduistering, ferhalen (1995)
  • God zij met ons (1997)
  • Wie kan het paradijs weerstaan (2006) Briefwikseling mei Abderkader Benali
  • Michaël Zeeman: Aan mijn voormalig vaderland (2010) Bondeling kritiken.
  • Zo las hij, zo leefde hij (2012)

Fierders gedichten en ferhalen yn Hollands Maandblad en Optima.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Journalist Michaël Zeeman (50) overleden, de Volkskrant, 27 july 2009