Meidogger oerlis:Welberry: ferskil tusken ferzjes

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
Content deleted Content added
 
Rigel 3: Rigel 3:
== Projekt WikiWomen ==
== Projekt WikiWomen ==
Dei [[User:Welberry|Welberry]], ter ynformaasje: sjoch [[Wikipedy:Oerlisside#Projekt_WikiWomen|hjir]]. It liket my handich en lit jo dêr ek efkes sjen. [[User:Wutsje|Wutsje]] 22 mrt 2022, 22.18 (CET)
Dei [[User:Welberry|Welberry]], ter ynformaasje: sjoch [[Wikipedy:Oerlisside#Projekt_WikiWomen|hjir]]. It liket my handich en lit jo dêr ek efkes sjen. [[User:Wutsje|Wutsje]] 22 mrt 2022, 22.18 (CET)

:Goeie. Jo hawwe ferline wike dit berjocht op myn oerlisside pleatst:

:::''Resintlik is der in nij Europeesk projekt fan start gien mei de namme WikiWomen: in gearwurking tusken Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Fryslân oan de Fryske kant, dêrneist mei Wikimediaorganisaasjes en middelbere skoallen yn Ierlân yn Baskelân. De ynhâld fan it projekt is yn it koart dat der lesmateriaal ûntwikkele wurdt foar middelbere skoallen dêr’t skoalbern better troch skriuwen leare yn de doeltaal troch Wikipediasiden te skriuwen yn de doeltaal, spesifyk oer bekende froulju. It projekt hat in soad ferskate doelstellings: mear kennis fan de minderheidstaal ûnder de sprekkers; mear Wikipediasiden yn de minderheidstaal; mear Wikipediasiden oer froulju; kennis ûnder de skoalbern oer wêr’t ynformaasje op it ynternet weikomt, hoe’t Wikipedia wurket en hoe’t je kritysk sjogge nei de boarne fan ynformaasje op it ynternet.

:::''In tiid lyn hat myn kollega Mirjam Vellinga in berjochtsje pleatst op de Fryske Wikipedia om te oriïntearjen en om in breder byld te krijen fan de Fryske kant fan Wikipedia. Doe hat sy koart telefoanysk kontakt hân mei ien fan jimme. Underwilens is it projekt offisjeel fan start gien. By dizze de fraach oan jo oft wy mei jo (en de rest fan de behearders, oan wa’t itselde berjocht stjoerd wurdt) yn kontakt komme kinne om it oer it projekt te hawwen en it reitsflak mei de Fryske kant fan Wikipedia. Faaks hawwe we wat oan inoar!

:::''Foar mear ynformaasje oer it projekt kinne jo sjen op: https://afuk.frl/nl/tige-slagge-earste-partnerbyienkomst-wikiwomen-yn-ljouwert/ , https://www.fryske-akademy.nl/en/news-and-events/news-item/news/detail/mear-frysk-en-mear-froulju-op-wikipedia-troch-europeesk-projekt/

:::''Graach hear ik fan jo

:Ik haw dit ris in skoftke yn my omgean litten, en hoewol't ik o sa foar better ûnderwiis yn it Frysk bin, haw ik der eins wat twifels oer. Ik bin op dit stuit net fan doel om dêroer tillefoanysk kontakt mei jo te sykjen. Op 'e Wikipedy kommunisearje wy yn prinsipe op 'e oerlissiden, en dat woe ik mar sa hâlde. Yn it foarste plak begryp ik earlik sein net wêrom't dit spesifyk oer froulju gean moat. Ik haw nammers net it idee dat dy hjir op 'e Wikipedy oan it krapperein komme. Soe it net better wêze om bern skriuwe te litten oer ûnderwerpen dêr't se belangstelling foar hawwe? Mar wat wichtiger is, ik freegje my ôf hoefolle learlingen der oan dit projekt dielnimme sille. Wy binne hjir mar mei in lyts groepke fan op it stuit trije aktive behearders, dy't boppedat allegear ek in libben bûten de Wikipedy hawwe en net beskikber binne om foltiids sa'n projekt yn goede banen te lieden. As der aansten ynienen bygelyks twahûndert nije siden opladen wurde, kinne wy dat net neikomme. Dêr meitsje ik my earlik sein wol soargen oer. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 28 mrt 2022, 22.25 (CEST)

De hjoeddeiske ferzje sûnt 28 mrt 2022 om 21.25


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 53.321 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


-- Wutsje 22 mrt 2022, 15.03 (CET)[beäntwurdzje]

Projekt WikiWomen[boarne bewurkje]

Dei Welberry, ter ynformaasje: sjoch hjir. It liket my handich en lit jo dêr ek efkes sjen. Wutsje 22 mrt 2022, 22.18 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie. Jo hawwe ferline wike dit berjocht op myn oerlisside pleatst:
Resintlik is der in nij Europeesk projekt fan start gien mei de namme WikiWomen: in gearwurking tusken Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Fryslân oan de Fryske kant, dêrneist mei Wikimediaorganisaasjes en middelbere skoallen yn Ierlân yn Baskelân. De ynhâld fan it projekt is yn it koart dat der lesmateriaal ûntwikkele wurdt foar middelbere skoallen dêr’t skoalbern better troch skriuwen leare yn de doeltaal troch Wikipediasiden te skriuwen yn de doeltaal, spesifyk oer bekende froulju. It projekt hat in soad ferskate doelstellings: mear kennis fan de minderheidstaal ûnder de sprekkers; mear Wikipediasiden yn de minderheidstaal; mear Wikipediasiden oer froulju; kennis ûnder de skoalbern oer wêr’t ynformaasje op it ynternet weikomt, hoe’t Wikipedia wurket en hoe’t je kritysk sjogge nei de boarne fan ynformaasje op it ynternet.
In tiid lyn hat myn kollega Mirjam Vellinga in berjochtsje pleatst op de Fryske Wikipedia om te oriïntearjen en om in breder byld te krijen fan de Fryske kant fan Wikipedia. Doe hat sy koart telefoanysk kontakt hân mei ien fan jimme. Underwilens is it projekt offisjeel fan start gien. By dizze de fraach oan jo oft wy mei jo (en de rest fan de behearders, oan wa’t itselde berjocht stjoerd wurdt) yn kontakt komme kinne om it oer it projekt te hawwen en it reitsflak mei de Fryske kant fan Wikipedia. Faaks hawwe we wat oan inoar!
Foar mear ynformaasje oer it projekt kinne jo sjen op: https://afuk.frl/nl/tige-slagge-earste-partnerbyienkomst-wikiwomen-yn-ljouwert/ , https://www.fryske-akademy.nl/en/news-and-events/news-item/news/detail/mear-frysk-en-mear-froulju-op-wikipedia-troch-europeesk-projekt/
Graach hear ik fan jo
Ik haw dit ris in skoftke yn my omgean litten, en hoewol't ik o sa foar better ûnderwiis yn it Frysk bin, haw ik der eins wat twifels oer. Ik bin op dit stuit net fan doel om dêroer tillefoanysk kontakt mei jo te sykjen. Op 'e Wikipedy kommunisearje wy yn prinsipe op 'e oerlissiden, en dat woe ik mar sa hâlde. Yn it foarste plak begryp ik earlik sein net wêrom't dit spesifyk oer froulju gean moat. Ik haw nammers net it idee dat dy hjir op 'e Wikipedy oan it krapperein komme. Soe it net better wêze om bern skriuwe te litten oer ûnderwerpen dêr't se belangstelling foar hawwe? Mar wat wichtiger is, ik freegje my ôf hoefolle learlingen der oan dit projekt dielnimme sille. Wy binne hjir mar mei in lyts groepke fan op it stuit trije aktive behearders, dy't boppedat allegear ek in libben bûten de Wikipedy hawwe en net beskikber binne om foltiids sa'n projekt yn goede banen te lieden. As der aansten ynienen bygelyks twahûndert nije siden opladen wurde, kinne wy dat net neikomme. Dêr meitsje ik my earlik sein wol soargen oer. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mrt 2022, 22.25 (CEST)[beäntwurdzje]