Springe nei ynhâld

Wiebe van der Zee

Ut Wikipedy
Wiebe van der Zee gefotografeerd tijdens het Kunstfestival in Hattum
Wiebe van der Zee fotografearre by it Keunstfestival yn Hattum

Wiebe van der Zee (Kollum, 11 novimber 1953) is in Fryske keunstskilder mei in atelier yn Snits. Van der Zee skilderet in soad oer it plattelân. Yn syn skilderijen binne faak nijsgjirrige kij of oar fee te sjen.

Nei syn jeugd yn Snits ferhuze er nei Harderwyk in jier letter nei Ljouwert. Nei de HAVO wurdt er net talitten op de Gerrit Rietveld Akademy. Dêrom giet er nei de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert.

Syn earste wurken binne mei oaljeferve makke, letter ek etsen en akwareltechniken. By it fervjen fan it bûtenlibben steane der gauris kij "yn it paad". Hy leit him ta op it skilderjen fan de bisten en wurdt der hieltiten mear troch fassinearre. It liket bytiden oft er dúdlik meitsje wol wat de bisten op dat stuit tinke.

Yn 2004 betocht Van der Zee Her-kauwgum. In soad porsleinguod mei byltnissen fan syn hân binne dêrnei yn de winkels ferkocht, krektas pannelapen, ûndersetters, skelken en foarriedbussen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: