Wiardus Willem van Haersma Buma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Búste troch August Falise yn Emmen.

Wiardus Willem van Haersma Buma (Snits, 29 maart 1868 - Emmen, 24 febrewaris 1927) wie in Nederlâns jurist en boargemaster.

Van Haersma Buma waard berne as in soan fan Mr. Sijbrand van Haersma Buma, dy't yn 1870 by KB fergunning krige om de foarnamme Van Haersma as famyljenamme te brûken. Hy waard lykas syn heit advokaat en waard boppedat kantonrjochter-plakfervanger yn Sutfen. Hy wie fan 1899-1904 boargemaster fan de eardere gemeente Eastdongeradiel. Yn 1904 waard er griffier fan it kantongerjocht yn Emmen. Fjouwer jier letter waard er kantonrjochter, in amt dat er oan syn die ta besette soe.

Dêrneist hie er ferskate oare funksjes. Hy wie ûnder oaren bestjoerder fan it Mr. W.W. Buma-lien, stichte troch syn pake Wiardus Willem Buma (1802-1873). Fierders wie er lid fan de fâldijried yn Assen en skoalopsjenner.

Van Haersma Buma waard begroeven op it famyljebegraafplak yn Weidum.[1] In oantal moannen nei syn ferstjerre waard in troch byldhouwer August Falise makke búste yn Emmen ûntbleate.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten:

  1. Familiebegraafplaats der Buma's op Dodenakkers.nl
  2. Mr. W.W. van Haersma Buma op Drenthekunstbreed.nl