Springe nei ynhâld

White Pine Award

Ut Wikipedy
White Pine Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Kanadeesk
útrikt foar literatuer foar jong-folwoeksenen
útrikt troch OLA
frekwinsje 1x jiers
1e útrikking 2002
offisjele webside
www.accessola.com/ola...

De White Pine Award is in Kanadeeske literatuerpriis dy't op jierlikse basis útrikt wurdt oan de skriuwer fan it as bêste beoardiele wurk op it mêd fan jong-folwoekseneliteratuer fan it foargeande jier. De organisaasje en útrikking fan dizze priis wurde beävensearre troch de Ontario Library Association (OLA), de provinsjale feriening fan bibleteken yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario.

De White Pine Award, wêrfan't de namme "Wite-Dinnebeampriis" betsjut, waard foar it earst útrikt yn 2002. De doelen dy't de OLA foar eagen hat mei it útrikken fan de priis, binne it oanfiterjen fan lêzen ûnder jong-folwoeksenen, it bewust meitsjen fan dy leeftydsgroep fan 'e kwaliteit fan de Kanadeeske literatuer, en it oanmoedigjen fan diskusjes oer literatuer ûnder learlingen oan de middelbere skoallen troch it nominaasjeproses fan 'e priis.

Yn it ramt fan dat lêste punt wurdt de winner fan de White Pine Award útornearre troch in stimming, holden ûnder learlingen út hiel Ontario. Om oan 'e stimming diel te nimmen, moat men lid wurde fan jins pleatslike bibleteek en teminsten fiif fan 'e tsien nominearre boeken lêzen hawwe. De dei dat der stimd wurde kin, falt ornaris op 18 april.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side