Springe nei ynhâld

Wettertoer fan Paleis Soestdyk

Ut Wikipedy
Wettertoer fan paleis Soestdyk

De Wettertoer fan paleis Soestdyk is boud yn 1680 as kombinaasje fan wettertoer en wynwettermole. Boppedat siet der yn de toer in nôtmole. De oandriuwing waard by te min wyn fersoarge troch in rosmole yn de toer.

De wettertoer, de âldste fan Nederlân, stiet yn it park oan de efterside fan Paleis Soestdyk. Yn 1674 waard it lângoed Soestdyk oankocht troch de destiidske steedhâlder Willem III. Hy ynvestearre in soad jild om de tunen op te kreazjen en liet ek twa fonteinen oanlizze. Om dy wurkje litte te kinnen moast der in heger lizzend wetterreservoir komme om genôch druk te hawwen.

Om 1680 krige de arsjitekt Willem Meesters de opdracht om in wynwettermole te bouwen. Hy ûntwurp in rûn reservoir fan bakstien mei plat dak mei op boppekant in wynmole mei seis wjukken en oan de foarkant in bygebou. Wannear't der net genôch wyn wie en de fonteinen dochs wurkje moasten waard de mole oandreaun mei hynstekrêft. It hynder rûn binnen yn it gebou rûntsjes om de masinery hinne. Teffens waard yn de mole nôt meald. Yn 1882 ferfong de arsjitekt L.H.Eberson de rosmole troch in steammasine. Yn it gebou sitte noch resten fan de rosmole. De wettertoer fan 10 meter heech hat in ynhâld fan 60 m³.

Yn de toer wie neffens in ferslach út 1687 neist boppeneamde saken ek in saneamde 'glacière'. Dit is in kelder dêr't iis dat yn de wintermoannen útkappe wie bewarre waard om yn de simmermoannen it iten mei te kuoljen.

Troch de geandewei heger wurdende beammen yn it park waard de wynfang fan de mole hieltiten minder en de rosmole waard de wichtichste oandriuwing. By eintsjebeslút waard de mole op de kop ôfbrutsen en bleau allinnich de funksje fan wettertoer yn stân oant dat troch oansluting fan Soestdyk op it wetterliedingnet soks net mear nedich wie. Yn it gebou dat op de ryksmonumintelist stiet, sit no in sûvenirwinkeltsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: