Wetterskipshûs (Wierum)
Wetterskipshûs (Wierum) | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Wierum | |
adres | Tsjerkeplein 2 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | went, herberch, kantoar | |
boujier | om 1832 hinne | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 507111 |
It Wetterskipshûs yn Wierum is in eardere skipperswenning en herberch. It gebou is sûnt 1918 yn it besit fan in wetterskip.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebou is wierskynlik yn 1832 boud yn opdracht fan skipper Andries Davids Vellema (1796-1851). Andries Davids Vellema waard berne yn Holwert en wenne op It Amelân. Dizze skipper en syn frou Ynske Hendriks van der Geest (1789-1873) wiene ek gasthear en gastfrou fan in herberch op It Amelân. Oft se it gebou ek sels brûkt ha as herberch is net dúdlik, wol is dúdlik dat it gebou foar 1918 as herberch brûkt waard. Yn 1918 waard it gebou ferkocht oan it wetterskip Kontribúsje Seediken fan East-Dongeradiel, dy it yn 1919 ferbouwden tot wetterskipshûs. Yn dat jier waard ek de dakkapel der boppe op boud. Yn 1920 en yn 1959 fûn der in ferbouwing pleats. Oan it plafond fan de bestjoerskeamer is in wynrjochtingynstallaasje, dy't ferbûn is mei de wynwizer op it dak.
It gebou is no in kantoar fan it Wetterskip Fryslân. It gebouw is erkend as ryksmonumint. It is fierwei it grutste gebouw yn Wierum. De oare huzen binne benammen fiskershuzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|