Wetterskip Hatsum
Appearance
It Wetterskip Hatsum wie in lyts wetterskip yn de gemeenten Hinnaarderadiel en Menameradiel yn Fryslân.
It wetterskip waard oprjochte yn 1923 foar it ûnderhâld fan de Hatsumer Opfeart mei sydtûken. Troch wizige omstannichheden waard yn 1953 it grûngebiet werombrocht fan 506 nei 216 ha. In wetterskip waard opheft yn 1981 en gie doe op yn it wetterskip De Middelsékrite.
It gebiet fan it eardere wetterskip falt sûnt 2004 ûnder it Wetterskip Fryslân.