Wettermûne fan Laag-Keppel
Wettermûne fan Laag-Keppel | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Gelderlân | |
plak | Laag-Keppel | |
adres | Doarpsstraat 30 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Wettermûne | |
boujier | 19e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 22838 [1] | |
offisjele webside | ||
Side 'Keppelse Molens' |
De wettermûne fan Laag-Keppel is in nôtmûne yn it Gelderske Laag-Keppel. Sûnt de 14e iuw hat it doarp al in wettermûne. De hjoeddeiske mûne waard yn de 19e iuw boud en wie oant 1945 yn bedriuw.
Troch it kanalisearjen fan de Alde Isel ferlear de wettermûne it needsaaklike ferfal om op wetterkrêft te meallen. Yn 1945 krige de mûne in elektromotor en sûnt soarge dy foar it oandriuwen fan it mealwurk.
Yn 1968 waard in plan makke om de wêttermûne wer op de tradisjonele wize draaie te litten. Foar dat doel waard út Follegea in spinnekopmûne oerbrocht nei Laag-Keppel. Dy wynmûne waard dêr opboud om sa it wetter fan de mûnekolk mei 1,5 meter leger te hâlden om sa keunstmjittich foar ferfal te soargjen. De oplossing wurket, mar de kapasiteit fan de greidemûne is net genôch om de wettermûne op syn bêst wurkje te litten.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Molendatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|