Wetjouwende macht
Appearance
(Trochferwiisd fan Wetjaande macht)
De wetjouwende macht is yn in rjochtsteat de macht dêr't it meitsjen fan wetten oan opdroegen is. Dy macht stelt de ynhâld fan de wetten en in rjocht yn in lân fêst. De oare machten binne de rjochterlike macht en de útfierende macht. In skaaimerk fan in rjochtsteat is de skieding fan de trije machten.
Yn de Jeropeeske Uny binne it Jeropeesk Parlemint en de Ried fan Ministers de wetjouwende macht.