Springe nei ynhâld

West Richland (Washington)

Ut Wikipedy
West Richland
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington.
County Benton County
Sifers
Ynwennertal 11.811 (2010)
Oerflak 57,29 km²
Befolkingsticht. 208 / km²
Stêdekloft Tri-Cities: 268.243
Hichte 126 m
Oar
Stifting 1948
Postkoade 99352, 99353
Tiidsône Pacific (PST) UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
www.westrichland.org
Stêdhûs

West Richland is in plak (city) yn Benton County yn de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it plak 11.811 ynwenners en yn 2012 neffens in rûzing 12.663. It is wol it fjirde plak fan de Trije Stêden stêdekloft. It leit súdwestlik fan de rivier de Yakima tsjin oer buorstêd Richland.

West Richland.

De eardere bewenners wiene de Chemnapum yndianen, nau besibbe oan de Wanapum stam. Hja wennen flakby de mûning fan de rivier de Yakima. De Lewis en Clark Ekspedysje kaam yn dit gea yn 1805. Yn 1853 waard in dyk (paad) oanlein troch de Yakima Fallei en rûn troch it hjoeddeiske West Richland hinne. Befolking kaam net earder as de 1870 er jierren. Yn 1896 kaam der in skoalle. Richland waard in gemeente yn 1910 en dit gebiet stie bekend as Leech Yakima. Yn 1908 waard in daam yn de rivier de Yakima boud en in bewetterings sleat groeven en meitsje it mooglik om wetter nei Richland te krijen. De Yellowstone Trail wie in highway dat oanlein waard yn 1917/'18 fan Albany, New York nei Seattle. Dizze dyk gie ek troch Richland, mei in nije brêge oer de Yakima hinne yn wat is no West Richland en fierders westlik nei Kiona. Yn de 1940er jierren waard de stêd Richland úteinset yn it ramt fan it Manhattan Projekt mei de bou fan de Hanford Site. De stêd Richland wie yn besit fan de oerheid. Untefreden minsken dy net yn de stêd yn in hierhûs fan de oerheid wenje woene strutsen del oan de oare kant fan de Yakima om sels grûn te keapjen en lit der in hûs op bouwe.

Yn 1948 kocht Carl Heminger 32 bunder lân oan hjir en frege in fergunning oan om in doarp útein te setten. It waard goedkard en Heminger stelde de namme Heminger City foar, moar doarps bewenners keazen de namme Enterprise. Ut protest ferhûze Heminger in 1,5 km westlik en sette dêr in nij doarp útein. Doe't de tiid ree wie en foarmje in gemeente de twa doarpen Enterprise en Heminger City waarden yndield ien stêd en de namme West Richland waard keazen, om gebrûk fan de ekonomyske foarútgong fan buorstêd Richland te meitsjen. Dit barde op 17 juny 1955.

Hjoeddedei is Hanford de wichtichste ynkomste boarne foar de ynwenners. Ek de lânbou, benammen de wynbou is ek in ynkomste boarne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]