Springe nei ynhâld

West-Europeeske Uny

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan West-Jeropeeske Uny)
read=leden
grien=assosearre leden
blau=waarnimmende leden
pears=assosearre partners

De Westjeropeeske Uny of Westeuropeeske Uny (WEU) wie in Westeuropeeske organisaasje foar militêre gearwurking dy't bestien hat fan 1954 oant 2011. De basis foar de WEU waard lein yn it op 17 maart 1948 yn Brussel troch Belgje, Frankryk, Lúksemboarch, Nederlân en Feriene Keninkryk tekene Ferdrach fan Brussel, offisjeel it "Ferdrach oangeande Ekonomyske, Sosjale en Kulturele Gearwurking en Kollektive Selsferdigening" neamd. Op 23 oktober 1954 is dit ferdrach amendearre en oanfold, wêrby't de Westeuropeeske Uny oprjochte waard. Dy omfette neist de fiif oarspronklike ûndertekeners ek de Bûnsrepublyk Dútslân en Itaalje as leden.

It haadkertier fan de WEU siet yn Brussel. Op 30 juny 2011 is de WEU ûntbûn.

Sekretaris-generaal fan de WEU

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Perioade Namme
1955 - 1962 flagge fan Belgje Louis Goffin
1962 - 1970 flagge fan Belgje Maurice Iweins d'Eeckhoutte
1971 - 1974 flagge fan Lúksemboarch Georges Heisbourg
1974 - 1977 flagge fan Dútslân Friedrich-Karl von Plehwe
1977 - 1985 flagge fan Belgje Edouard Longerstaey
1985 - 1989 flagge fan Belgje Alfred Cahen
1989 - 1994 flagge fan Nederlân Wim van Eekelen
1994 - 1999 flagge fan Portegal José Cutileiro
1999 - 2009 flagge fan Spanje Javier Solana
2009 - 2011 flagge fan Frankryk Arnaud Jacomet

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1948 1952 1957 1967 1987 1993 1999 2003 2009 2011
Brussel Parys Rome Fúzjeferdrach Europeeske Akte EU-Ferdrach Amsterdam Nice Lissabon
Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EMKS)
Europeeske Atoomenerzjy Mienskip (EURATOM)
Europeese Ekonomyske Mienskip (EEM)
P

Y

L

D

E

R

S
Europeeske Mienskip (EM) Europeeske Uny (EU)
↑Europeeske Mienskippen↑ Justysje en Ynlânske Saken (JYS)
Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken (PJGS)
Europeeske politike gearwurking (EPG) Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied (GBFB)
West-Europeeske Uny (WEU)