Springe nei ynhâld

Wesley C. Dykstra

Ut Wikipedy
Wesley C. Dykstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wesley C. Dykstra
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 desimber 1922
berteplak ? (Súd-Dakota)
stoarn 16 desimber 2008
stjerplak Cleveland (Ohio)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt predikant, filosoof
aktyf as heechlearaar
jierren aktyf 19461987

Wesley Calvin Dykstra (Súd-Dakota, 16 desimber 1922Cleveland (Ohio), 16 desimber 2008) wie in Amerikaansk predikant en heechlearaar filosofy fan etnysk Frysk komôf.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dykstra waard yn 1922 berne yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, as de soan fan 'e yn Nederlânske ymmigrantefermiddens yn 'e Feriene Steaten bekende útjouwer, skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra (1871-1955) en dy syn frou Nellie Schippers (1890-1975).

Nei't er yn 1946 ôfstudearre wie oan it Hope Kolleezje yn Holland, yn 'e steat Michigan, learde Dykstra fierder oan it Western Theological Seminary yn Holland, en oanslutend died er in doktorale stúdzje oan it Union Theological Seminary yn New York.

Hy wurke neitiid ferskate jierren as heechlearaar filosofy oan it Muskingum Kolleezje yn New Concord, yn Ohio, oant er yn 1958 yn dyselde posysje oansteld waard oan it Alma Kolleezje yn Alma (Michigan). Yn 1985 naam er ôfskie as heechlearaar, mar Dykstra bleau oan it Alma Kolleezje ferbûn oant syn pinsjoen, yn 1987. Neitiid bleau er yn Alma wenjen, mar hy kaam yn 2008 te ferstjerren yn Cleveland Clinic yn Cleveland, yn 'e âlderdom fan 86 jier. Hy hie gjin bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: