Springe nei ynhâld

Werenfridus fan Elst

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Werenfryd fan Elst)
Werenfridus fan Elst

Werenfryd fan Elst of Sint-Werenfridus (Dútslân, datum ûnbekend - Westervoort, 14 augustus 760) wie in Ierske preker en de patroanhillige fan Elst en dy't yn de 7e en 8e iuw nei Kristus yn it ryk fan de Fryske kening Redbad en yn de Betuwe it kristendom preke en letter hillich ferklearre is.

Werenfridus wie muonts yn it benediktinerkleaster fan Egbert fan Rathmelsigi yn Ierlân. Om 690 hinne gie er nei it lân fan de Friezen en waard hjitten om yn it westlik part dêrfan it evangeelje te preekjen. Werenfridus sette him yn 't earstoan nei wenjen yn it Wervershoof fan no, mar gie letter oer Dorestêd nei de Betuwe en omkriten, om ek dêr de kristlike lear te bringen.

Werenfridus stoar op 14 augustus 760 yn Westervoort en waard beïerdige yn de tsjerke fan Elst.

Werenfridus waard beskermhillige fan Elst, fan gernieren en fan minsken dy't lêst fan jicht hawwe. Boppedat wurdt faak ta him bidden by lêst fan stive lidden.

Wapen fan Elst. linksboppe: Bisdom Utert, rjochtsboppe: Greefskip

Op it wapen fan Elst is it boatsje te werkennen dat neffens de leginde Werenfridus nei syn dea nei dat plak fear. Neist de Rykswei (op de krusing mei de wei bylâns de Linge ) leit in, yn it earste oankommen as roastige mummy útsjend, byld fan de hillige Werenfridus dy't út syn boatsje fallen is.

Fan Wervershoof wurdt sein dat de namme komt fan Werenfridus (as yn Werenfridus' hoeve). Yn Hoorn (Noard-Hollân) waard yn 1948 in middelbere skoalle oprjochte mei de namme Sint Werenfridus Lyceum. Yn Elst is in scoutinggroep nei de hillige ferneamd. Westervoort ken neist de katolike Sint-Werenfridusparochy (mei Sint-Werenfridustsjerke) ek in Protestantske Gemeente mei de namme Werenfried. Ek hat Westervoort in St. Werenfridusleane en hie it in St. Werenfridusskoalle (no De Brug).

Noch in tal Sint-Werenfridustsjerken: Sint-Werenfridustsjerke yn Warkum en Sint-Werenfridustsjerke in Zieuwent.