Springe nei ynhâld

Weksalia

Ut Wikipedy

Weksalia, ek Wuxalia of Wecsile, is de namme fan in midsiuwsk waadeilân dat gearfalt mei it eastlike diel fan it hjoeddeiske waadeilân Skylge. De namme komt foar yn âlde geskriften út de 8e oant de 15e iuw. Neidat yn de 10e iuw in sânplaat, de Skelling, mei Weksalia ferhiele, rekke de namme Weksalia yn ûnbrûk en kaam stadichoan de namme Skylge yn swang.

It âlde Weksalia wie oan de westside troch in seegat skaat fan it kustgebiet mei de namme Tessalia. Eastlik fan Weksalia lei it eilân Ambulon, tsjintwurdich It Amelân.