Weiler (Boppard)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Weiler
De tsjerke fan Weiler
De tsjerke fan Weiler
Sifers
Befolkingstichtens 752 (30.06.2015)
Hichte 152 meter boppe seenivo
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
Landkreis Rhein-Hunsrück-Kreis
Stedsyndieling Boppard
Oar
Postkoade 56154

Weiler is ien fan de tsien Ortsbezirken fan de gemeente Boppard yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit boppe it Ortsbezirk Bad Salzig op in hichte fan likernôch 235 meter boppe de seespegel. By Weiler heart ek it loftkuerplakje Fleckertshöhe, dêr't it hichtste punt fan de gemeente Boppard metten wurdt. Oant de gearfoeging fan Weiler by de nij foarme gemeente Boppard op 31 desimber 1975 wie Weiler in selsstannige gemeente.

It doarp Weiler waard yn in oarkonde fan de kening Konrad oan it Ursulakleaster yn Keulen foar it earst ûnder de namme Wilre neamd.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De roomske Sint-Pitertsjerke (Zur Peterskirche 1, 56154 Boppard)
  • It útsichpunt Dünchen jout in moai útsjoch op it doarp en de oare kant fan de Ryn mei de boarch Sterrenberg en de boarch Liebenstein.
  • It útsichtpunt Ziehlay, dat oan de kuierrûte Rheinburgenweg leit. Hjir stiet in houten byld fan in biddende non, makke troch Sigurd Bratzel. Foar de Twadde Wrâldkriich wie hjir in útstekkende rots dy't fan de Ryn ôf op in biddende non like. It natuermonumint waard ferneatige troch alliearde fleantúgen, dy't harren bommenlêst op Bad Salzig en Weiler dropten. Neffens in leginde wie de rots it ferstiende byld fan de non Angelika.

Leginde fan de non Angelika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Tritichjierrige Oarloch tôgen Sweedske troepen fan Gustaf Adolf al rôvjend troch de omkriten en doe't hja by it kleaster fan Weiler kamen, wist de non Angelika as ienige troch in geheime poarte oan it moardzjen fan de Sweden te ûntkommen. Hja waard lykwols sjoen en de Sweden besochten har yn te heljen. De non kaam op de Ziehlay oan en dêr begûn hja te bidden dat se troch ferstiening oan de moardners ûntkomme mocht. Doe't de Sweedske troepen op it plak oankamen wie de non ferdwûn. Hja mienden dat de non yn de bedelte stoarten wie, mar letter, doe't hja oan de Ryn oankamen, herkinden se yn de rots de ferstiende non.

De Sint-Pitertsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke fan Weiler waard yn de earste helte fan de 13e iuw yn romaanske styl boud. It skip mei in balkenplafond waard yn goatyske styl mei steunbearen tafoege. De barokke tsjerketoer datearret út de 18e iuw. It rjochthoekige koar is oerdekt mei in krúsribgewelf.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]