Watse Cuperus

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Watse Cuperus (Blije, 30 april 1891 - Ljouwert, 19 augustus 1966), wie in Frysk skriuwer. Hy publisearre oant 1934 ûnder de skûlnamme 'Bouke fan Skeanebûrren'.

Cuperus wie fan 1928 oant 1956 meteropnimmer yn Marrum, en syn wurk spilet him meast ôf yn dizze omkriten. Hy hat in grutte bydrage oan it Frysk levere. De boeken fan Cuperus spylje benammen yn de krisisjierren. It swiere libben fan boer en boerearbeider is in weromkommend tema.
Syn wurken hawwe in kristlik-sosjale ynslach. Meiinoar skreau Couperus 17 boeken, mear as 200 koarte ferhalen en in stik of wat toanielstikken.

Yn Blije is it 'Watse Cuperusplein' foar kafee 'Veldzicht'.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1933: Skeanebûrster folkslibben
  • 1937: Lânstoarm XI
  • 1941-1950: De gouden tried (trije dielen: 1941, 1942 en 1950)
  • 1943: Oarreheite erfskip
  • 1946: Sa't lân opjowt
  • 1947: De pipegael (2e pr. 1969)
  • 1948: Doeke Daen
  • 1949: Swart, mar leaflik (2e pr. 1969, 3e pr. 1998)
  • 1955: Hoeder en skiep
  • 1958: Striid en segen (heal-autobiografyske roman)
  • 1964: De sierlike kroan
  • 1966: Jild en eare

Berneboek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1936: Oarreheite pet (2e pr. 1941; 3e pr. 1948)

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1955: Do silst net stelle, toanielstik yn 4 bedriuwen
  • 1956: Libbensropping, toanielstik yn 4 bedriuwen
  • 1966: De gouden tried, toanielstik yn 4 bedriuwen, opnij bewurke nei de roman mei deselde namme

Fertalingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1959: Zwart maar lieflijk (fertaling fan Swart mar leaflik)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]