Wartsykte
wartsykte | ||
![]() | ||
Taksonomy | ||
domein: | eukaryoaten (Eukaryota) | |
ryk: | skimmels (Fungi) | |
stamme: | skynskimmels (Chytridiomycota) | |
klasse: | Chytridiomycetes | |
skift: | Chytridiales | |
famylje: | Synchytriaceae | |
skaai: | Synchytrium | |
soarte: | Synchytrium endobioticum | |
(Károly Schilberszky) Percival, 1909 |
Wartsykte (Synchytrium endobioticum) is in sykte dy’t by de ierdappel foarkomt. It is in iensellige, obligaat parasitêre skimmel en kin dus allinnich op libbene planten libje. De sykte kaam oarspronklik allinnich foar yn de Andes yn Súd-Amearika, mar no komt de sykte oer de hiele wrâld foar. Yn Nederlân is it in karantênesykte mei strange wetlike regelingen.
Wartsykte foarmet gjin myselium lykas de Chytridiales, mar oant 40 jier kymkrêftige soralen. Dêryn kinne oant 300 zoöspoaren foarme wurde. In sorus is in skaaimerk fan de famylje Synchytriaceae.
Yn de maitiid komme út de sporangiums beweechlike zoöspoaren, dy’t de epidermissellen ynkringe. Yn de ynfektearre sellen wurde simmersporangums foarme, dêr’t nije zoöspoaren út komme.
Under beskate foar de skimmel minne groei-omstannichheden fusearje twa zoöspoaren ta in zygoate. De waardplantsellen mei de zygoate diele har en foarmje eventueel de want fan in nij wintersporangium. Yn de hjerst ferrotsje de warten, dêr’t de dikwandige rêstspoaren troch yn de grûn frijkomme. De diploïde rêstspoaren pro-sory ûndergeane nei in rêstperioade in ripingsdieling en meardere kearndielings en foarmje sa soralen.
Resistinsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wrâldwiid binne der op syn minst 18 fysio’s bekend. Fysio 1 komt it meast foar. Yn Noardeast-Nederlân komme de fysio’s 2, 8 en 18 foar en yn Súdeast-Nederlân fysio 1.
Op besmette grûn is it ferbouwen fan ierdappels allinnich tastien mei resistinte rassen.
Eksterne links
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- LfL-Bayern
- Julius-Kühn-Institut
- Datenblatt der Pflanzenschutzorganisation für Europa und den Mittelmeerraum, Franstalig / engelstalig, (PDF)
- Synchytrium endobioticum im Index Fungorum (Ingelsktalich)
- Skimmelsoarte
- Skynskimmel
- Plantesykte
- Lânseigen skimmel yn Perû
- Lânseigen skimmel yn Bolivia
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn de Oekraïne
- Eksoat yn Denemark
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn Eastenryk
- Eksoat yn Estlân
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Fryslân
- Eksoat yn Hongarije
- Eksoat yn Ierlân
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Itaalje
- Eksoat yn Jeropeesk Ruslân
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Kazachstan
- Eksoat yn Letlân
- Eksoat yn Litouwen
- Eksoat yn Lúksemboarch (lân)
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn Noard-Ierlân
- Eksoat yn Oerûguay
- Eksoat yn Poalen
- Eksoat yn Roemeenje
- Eksoat yn Servje
- Eksoat yn Sibearje
- Eksoat yn Sina
- Eksoat yn Skotlân
- Eksoat yn Slowakije
- Eksoat yn Súd-Afrika
- Eksoat yn Sweden
- Eksoat yn Switserlân
- Eksoat yn Tsjechje
- Eksoat yn Turkije
- Eksoat yn Wales
- Eksoat yn Wyt-Ruslân