Waris Dirie

Ut Wikipedy
Waris Dirie yn Bratislava, 2010
Portret fan Waris Dirie "Mission", troch Alesandrion, 2003

Waris Dirie (Somalysk: Waris Diiriye; Arabysk: واريس ديري) (berne 1965) is in Somalysk fotomodel, skriuwster en foarfjochtster fan frouljusrjochten. Se is Eastenryksk steatsboarger en wie goodwill ambassadrise foar de Feriene Naasjes (1997-2003). Yn dy rol stridet sy tsjin frouljusbesnijenis. Yn 2007 waard sy huldige mei it Frânske Légion d'honneur.

Oars as dat gauris sein wurdt, is Dirie net besibbe oan it Somalyske model Iman Abdulmajid.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sy waard berne yn 1965 yn de Darodstam. Mei fiif jier waard sy besnien.[1] Sy kaam der goed ôf, mar in suster en twa nichtsjes stoaren nei sa'n yngreep.
Doe't sy trettjin jier wie woe har heit har trouwe litte mei in man fan 61. Om reden dêrfan flechte sy nei famylje yn Mogadisjû. Doe't in omke ambassadeur yn Londen waard, naam er Waris mei as tsjinstfaam. Nei fjouwer jier gie omke werom nei Somaalje. Waris bleau in skoft yllegaal yn Ingelân en wurke as skjinmakster by McDonald's. Yn dy tiid learde sy lêzen en skriuwen.

Tafallich krige sy kunde oan moadefotograaf Terence Donovan dy't der foar soarge dat sy yn 1987 op de Pirellikalinder kaam. Fan doe ôf makke sy opgong as fotomodel en posearre sy foar Revlon en Levi's. Yn 1987 hie hja yn rol yn de Bond-film The Living Daylights.

Yn 1997 kaam har besnijenis op it aljemint yn in ynterview mei it tydskrift Marie Claire. Foar Kofi Annan reden om har te beneamen ta FN-ambassadeur sadat sy har ynsette koe tsjin dat ferskynsel.

Yn 2002 rjochte sy de Waris Dirie Foundation op. De stifting sammelet jild yn foar ûntjouwingsprojekten yn Afrika. Sûnt 2003 is sy gjin FN-Ambassadeur mear. Alkoholproblemen soene dêr anneks oan wêze. Yn 2007 waard Waris Dirie de Martin Buber-plakette fan de Stichting Euriade (Kerkrade) takend.

Op 5 maart 2008 ferdwûn Waris Dirie yn Brussel. Op 7 maart 2008 waard sy sûn weromfûn. In pear dagen letter ferklearre sy dat de Brusselske plysje har as in hoer behannele hie, dat sy ûntfierd wie en benei ferkrêfte waard troch in taksjesjauffeur. De plysje wol neat witte fan dat ferhaal.

Yn 2014 waard de Priis foar de Frijheid fan de Liberale Ynternasjonale oan har takend.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlânsk
  • Mijn woestijn (1998);
  • Dochter van de nomaden (2004);
  • Onze verborgen tranen (2005);
  • Brief aan mijn moeder (2007);
Dútsk
  • Schwarze Frau, weißes Land (2010).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. About Waris Dirie, Waris Dirie Foundation.