Wapen fan Winsum (Fryslân)
Appearance
It wapen fan Winsum is it wapen fan it doarp Winsum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 1990 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Puntig trochsneid fan azuer en goud, mei twa punten wizende nei de skyldfoet, yn de linkerboppehoeke trije pinningen fan sulver, pleatse 2 en 1, yn de rjochterûnderhoeke in fjouwerspêkich wettermûnerêd fan kiel; oer alles hinne in skeanrjochts pleatse pôlsstok fan it ien yn it oare.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sulver en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Trochsneiding: stiet foar de letter W fan Winsum.
- Polsstôk: ferwiist nei it fierljeppen.
- Trije bollen: ferwize nei it keatsen.
- Wettermûnerêd: stiet foar de yndustry yn it doarp.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Baarderadiel en Littenseradiel.