Springe nei ynhâld

Wapen fan Tsjummearum

Ut Wikipedy
Wapen fan Tsjummearum

It wapen fan Tsjummearum is it wapen fan it doarp Tsjummearum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2012 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read in sulveren swurd mei in gouden hânfetsel, rjochts beselskippe fan in botfisk en lofts fan in leelje, alles fan goud; in blau skyldhaad, belein mei in gouden nôtier, mei de stâle nei lofts.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, goud en azuer (blau).

  • Swurd: symboal foar Martinus fan Toers, beskermhillige fan de Sint-Martinustsjerke fan Tsjummearum.
  • Botfisk: stiet foar de fiskerij.
  • Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Roorda, dy't westlik fan it doarp in state bewenne.
  • Nôtier: ferwiist nei it wapen fan Barradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.