Wapen fan Ternaard
Appearance
It Wapen fan Ternaard is it wapen fan it doarp Ternaard, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn azuer in weagjende rjochterskeanbalke fan sulver, links in leelje en rjochts in seispuntige ster, beide fan goud.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skeanbalke: oernommen út it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr't Ternaard eartiidsk part fan wie.
- Seispuntige stjer: dit is in saneamde gidsstjer dy't in haadplak oanjout. Ternaard wie it haadplak fan West-Dongeradiel.
- Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Aylva dy't ferskate staten yn it doarp bewenne en gauris it amt fan grytman beklaaide.
-
Wapen fan de famylje Fan Aylva