Wapen fan Mildaam
Appearance
It wapen fan Mildaam is it wapen fan it doarp Mildaam, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 2004 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau twa ikeblêden en in leelje, pleatst 2 en 1, alles fan goud; yn it skyldhaad beselskippe fan in sulveren, yn de midden ûnderbrutsen, weagjende dwersbalke.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wearjende swersbalke: symboal foar de Tsjonger dy tichtby it doarp streamt. De ûnderbrekking fan de dwersbalke stiet foar it diel "daam" yn de plaknamme dy mooglik yn de Tsjonger lein hat.
- Ikeblêden: stie foar de ikebeammen yn it omkriten fan it doarp. It goud stiet foar de sângrûn wêr't it doarp op leit.
- Leelje: oernommen út it wapen fan Skoatterlân, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie. It goud stiet ek wer foar de sângrûn.