Springe nei ynhâld

Wapen fan Koatstertille

Ut Wikipedy
Wapen fan Koatstertille

It wapen fan Koatstertille is it wapen fan it doarp Koatstertille, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waar yn syn hjoeddeiske foarm yn 2005 registrearre.

It wapen fan Koatstertille is oernommen út it wapen fan De Koaten, dy't al langer bekend wie. Dit wapen komt foar yn it wapenboek fan Andries Schoemaker út 1695. Nei ûndersyk blykte it wapen eigenlik fan de Uterske famylje te wêzen. De doarpsried woe it wapen toch brûken bliuwe. Sa waard in earder foarstel foard in doarpswapen yn 2000 ôfwiisd. Uteinlik waarden de dwersbalken blau kleure en de merletten read kleure om it wapen te ûnderskieden fan it wapen fan de famylje Cooten.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sulver twa blauwe dwersbalke, yn it skyldhaad beselskippe mei twa reade merletten.

De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau) en kiel (read).

  • Blauwe balke: ferwizing nei it wetter.
  • Reade merletten: de reade kleur is oernommen út it wapen fan Achtkarspelen.