Wapen fan It Amelân

Ut Wikipedy
Gemeentewapen It Amelân

It gemeentewapen fan It Amelân waard op 25 maart 1818 ferliend mei de omskriuwing:
'Yn de lingte trochsnien, de rjochter helte fan goud, beladen mei 2 swarte dwersbalken fan de rjochter boppe nei de linker ûnderhoeke delrinnend; de linkerhelte fan azuar beladen mei in waaksende moanne fan sulver.'
De gouden kroan mei fiif blêden waard net beskreaun.

It wapen wurdt fierd as hearlikheidswapen sûnt ein 16e iuw. De oarsprong fan it wapen is net bekend. It wapen waard oant yn de lette 18e iuw ek in soad fierd mei de moanne nei de oare kant rjochte. Mar heraldysk is it de regel dat figueren yn in trochsnien fjild inoar 'oansjen'. Dêrom stiet de moanne nei de balken ta keard. Yn 1958 pleite de gemeenteried foar it werstel fan it gemeentewapen mei de moanne ôfkeard. De gemeenteried hat it útstel lykwols nea yntsjinne by de Hege Ried fan Adel.

Neffens in folksoerlevering soenen de skeanbalken de balken foarstelle, dy't de Amelanners op Skylge rôfd hienen om der in galch fan te meitsjen. Dêroer bestiet it rymke:

De Amelander schalken,
stolen 3 balken,
des 's avonds in de maneschijn,
daarom zal dit hun wapen zijn.

It wapen komt ek foar yn it wapen fan it Wetterskip De Amelander Grieën.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: