Wapen fan Hurdegaryp
Appearance
It wapen fan Hurdegaryp is it wapen fan doarp Hurdegaryp, yn de Frykse gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read in swarte peal mei in sulveren seame; oer alles hinne in snuorre jachthoarn fan goud.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sabel (swart), sulver en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Swarte peal: stiet foar de Swarte Wei. Nei de oanlis fan dizze dyk yn 1830 ferpleatse it doarp stadichoan nei dizze dyk.
- Reade fjilden en jachthoarn: oernommen út it wapen fan Tytsjerksteradiel.