Wapen fan Hinnaarderadiel
It wapen fan Hinnaarderadiel is it wapen dat fan 1851 oant 1984 troch de gemeente Hinnaarderadiel fierd waard en dêrfoar troch de gritenij Hinnaarderadiel. It bestiet út in blau fjild mei in lofterskeanbalke (d.w.s. in diagonale baan fan loftsûnder nei rjochtsboppe) fan sulver (of wyt). De skeanbalke is belein mei, fan boppen nei ûnderen: in trijeblêdige klaver fan grien, in reade heraldyske roas en in griene seispuntige stjer.
It wapen waard omtrint 1640 gearstald. It klaverblêd, de roas en de stjer binne eleminten fan wapens fan aadlike of foaroansteande eigenierde famyljes dy't yn of koart nei de Midsiuwen yn 'e gritenij wennen. De klaver ferwiist nei grûnbesit en de stjer nei macht, wylst de roas in symboal is dat betrekking hat op it kristendom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|