Wapen fan Gerkeskleaster-Strobos
Appearance
It wapen fan Gerkeskleaster-Strobos (Kleastersk: woapen van Gerkesklooster-Stroobos) is it wapen fan de doarpen Gerkeskleaster en Strobos (Gerkeskleaster-Strobos), yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sinopel in gaffel fan sulver, lofts beselskippe fan in bosk strie, rjochts fan in anker, beide fan goud, yn it skyldhaad fan kiel in leelje fan goud.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, goud en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gaffel ferwiist nei it by mekoar kommen fan ferskate farwegen by it doarp.
- Read skyldhaad: ferwizing nei de bewouwing fan it doarp.
- Leelje: symboal foar it sistersjinzers kleaster Jeruzalim.
- Anker: ferwizing nei de pleastlike skipfeart en skipsbou.
- Bosk strie: ferwizing nei it doarp Strobos.