Wapen fan Easthim
Appearance
It wapen fan Easthim is it wapen fan it doarp Easthim, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2011 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn grien in blauwe peal, seame fan goud, yn de skyldfoet belein mei in gouden keper, oerlein mei in swarte keper; lofts mei in yn it grien in sulveren swurd mei gouden hânfet en rjochts yn it skyldhaad fan in sulveren klaver; in gouden skyldrâne.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), azuer (blau), goud, sabel (swart) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grien fjild: stiet foar it gerslân om it doarp hinne.
- Klaver: ferwiist nei de feehâlderij.
- Blauwe peal: ferwiist nei De Wimerts, in kanaal dat Nijesyl ferbynt mei Boalsert.
- Swarte keper: symboal foar de eardere slûs yn De Wimerts súdlik fan it doarp. It kanaal wie wichtich foar Boalsert, dêrom is de keper goud en swart kleure nei it wapen fan Boalsert. De gouden rânen fan de peal foarmje in ferwizing nei it reid oan de kanten fan it kanaal.
- Gouden skyldseame: ferbyldet de Hemdyk dy it doarp beskerme fan it wetter.
- Swurd: attribút fan Jehannes de Doper, de patroanhillige fan de Jehannestsjerke fan Easthim.